38

Goed is dat dorpsgenoten Mantgum Foar Inoar steeds beter weten te vinden. Mantgum Foar Inoar blijft volop in ontwikkeling! Coördinatiegroep is bereikbaar tussen 08.00 en 23.00 uur op de volgende nummers: Aukje en Siebolt Dijkstra Ank van Eif Antje Kuipers Marja Reijndorp Pieter van der Veen 06 - 51058186 058 -2501557 06 - 23301207 06 - 12068990/058 2502264 06 - 83713210 In ruilboekekast yn de Wjukken Frijwilligers fan de tiisdeiploech dy’t sûnt de iepening fan ’e Wjukken op tiisdeis allerhande wurksumheden yn en om ’e Wjukken dogge, hawwe de lêste wiken oan ’e gong west mei it meitsjen fan in boekekast dy’t je ferride kinne. It is de bedoeling dat de Mantgumers sels de boeken ynbringe. Derby tinke wy oan boeken dy’t der kreas útsjogge, kompleet en skjin. As it mooglik is kies dan boeken út foar dizze ruilbyb dy’t josels de moaiste fine. It moat mooglik wêze op dizze wize in tige nijskjirrige ynhâld yn dizze byb te krijen en te hâlden. Elts kin sels ien as mear boeken ynbringe en ek wer oare boeken útsykje en thús leze ensfh. De iepeningstiden lizze parallel mei de iepeningstiden fan de Wjukken. It soe moai wêze as der immen wie dy’t him/har as frijwilliger ynsette wol om alles wat op rôltsjes rinne te litten, dizze ruilbyb stiet sels ek al op rôltsjes! De tiisdeiploech is fan’t maaitiid troch gien mei wer’t se fan’t winter stoppe wiene: it opnij strjittelizzen fan it fersakke terras en troch it jier hinne binne der altyd weromkommende wurksumheden sa as: it jierlikse himmeljen fan de Wjukken, gersmeane, kantsjemeane, mei in lange stok de ruten en dakoerstekken skjinspuitsje, de flier skjinmeitsje en yn ’e wask sette, lampen ferfange, stuollen reparearje, it dak skjinmeitsje, beammen snoeie en de saak om de Wjukken hinne skjin hâlde. Ek de man fan de stuollen is eltse wike wol meadere kearen yn de slach om alles wer te plak te krijen. En net te ferjitten it kofjedrinken en sterke ferhalen fertellen, it heart der allegear by. Mar in dinkje is dat we allegear âlder wurde en it is op it stuit sa dat der bêst in pear jongere “krasse knarren” by kinne om de tiisdeiploech op sterkte te hâlden. Hawwe jimme fragen oer it boppesteande stikje, skilje dan mei Durk Swierstra as mei Hindrik Sybrandy en oars mei ien fan it deistich bestjoer fan de Wjukken. We moatte it meielkoar dwaan! Frijwilliger Teake Oosterbos 36 Mandeguod

39 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication