54

Nijs fan Harmonie Weidum Efkes foarstelle… En, wa bisto? Ik bin Coby Kirkenier, mem fan Nynke. Do spilest by it korps? Ja, bugel en al 40 jier! En wat dogge jimme dan sa al? Ha, kinst better freegje ‘Wat dogge jimme net?’ Kinst ús fine by de Fyts Alvestêdetocht, de Froulju’s PC, by Sinteklaas mar ek op konkoersen, festivals en fansels by ús ferneamde temakonserten. Dus, altyd yn unifoarm! Nee hear, net mear. Optochten rinne wy yn spikerbroek, konkoersen dogge wy yn it swart en temakonserten yn klean passend by it tema. Ast kieze meist: Konkoers, Festival of Projekt? Ik mei graach oan konkoersen meidwaan, de tarieding op de wedstryd, de foarútgong, de spanning En dan lang om let de útslach: Hoe hawwe wy skoard? En do? Ik bin Nynke Talman, dochter fan Coby. Do bespilest ek in ynstrumint? Ja, bugel! Earder by it B-orkest en no sûnt in skoftke by it A. Chill! Wat fynsto it leukst? Muzykmeitsje en tagelikertiid mei leeftydsgenoatsjes oplûke. Wy hawwe best in jonge feriening, al bin ik wol ien fan de jongsten by it A-orkest : ) Nice, en altyd strak yn ‘t pak? Nee echt net! Njonken de clubjas of it clubsjirt rinne wy gewoan op gympys en spikerbroek. Kieze mar: Konkoers, Festival of Projekt? Ik kies foar de festivals en de projekten. Mei it B-orkest dogge wy elts jier mei oan it Jeugdorkestenfestival, wat hiel leuk is. It B docht ek mei oan de temakonserten. Dit jier is dat it #OFSF, yn maaie. Op konkoers bin ik noch net west. 52 Mandeguod

55 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication