61

Wrafke - Moaie dei Fansels hie‘k al lang yn ‘e noasters dat it net goed gie mei dy ‘âlde Swarte’, Aïcha. Sy siet al yn har Fyftjinde (!) libbensjier, mar se wie noch sá geef mei har fjoer fan in rjochtaarde jachthûn. Jawis, krebintich troch in fersliten rêch, mar dêr joech Baas har pillen foar. Ferline hjerst hat dyselde Baas har noch twaris ûnder it mes hân om frjemde bulten fan har liif fuort te helje en dat hat se geweldich goed trochstien. Fan ‘e wike hat se wer mei Frou en Baas nei de bistedokterspraktyk west. Doe’t se thús kamen wiene de gesichten fertrietlik. Aïcha wie ek fan’t hynder, mar dat wie se lykwols altyd at se nei de praktyk west wie. Ik snúfde de rook fan minsken oan har dy’t ik net rjocht thúsbringe koe, mar fernaam oan Frou har praat dat se by dyjinge west wiene der’t Aicha har puppetiid trochbrocht hat. Om ôfskie te nimme, koe‘k begripe. Eltse dei dernei giene wy nei in plakje te kuierje wer’t wy wolris earder west wiene en op woansdei binne wy sels meienoar nei myn ferneamde jachtoefenmasterin yn Harich west. Aïcha moat fan Anjolien alles leard hawwe wat ik no mei safolle nocht opdoch. Mar Anjolien beweart ek fan Aïcha in bulte leard te hawwe. Wat wiene dy twa seldsum bliid mekoar wer te sjen! Ik haw dy âlde Mandeguod 59

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication