Swarte noch nea sa út de skroeven sjoen... Oandwaanlik! En se hat by eintsjebeslút ek noch twa kear in dummy-ein apperteard. Net te fier fuort, hear. De dei dernei moast se dat lykwols ferskuorrend belije. Se wie út ‘e liken, moast hyltyd mear koarje, mar woe en koe dochs noch wol lekker ite. Dat skynt se har hiele libben graach dwaan mocht te hawwe. Wat dat oanbelanget: in echte Labrador. Kin ik noch wat fan leare, om’t ik noch wolris in miel oerslaan wol... De dagen dernei gie it wer in lyts bytsje better, mar wol waard dy ‘âlde’ hyltiten koartamiger. Se doarde somtiden net mear lizze te gean en stie dan mei de sturt tusken de poaten yn har helpleazens om har hinne te sjen. De hiele dei troch kamen Baas, Frou en de jonges omste beurten har treaste en oanhelje. Ik liet har safolle mooglik mar gewurde, at se it lykwols ferneare koe, slikke ik har om ‘e bek. Op dy bewuste sneintemiddei wie it fertriet hast net mear te hurdzje. Mei syn allen giene wy nei bûten ta en bedarren we op it stalt by de fiver. Aïcha hime en sette grutte eagen op, dochs liet har berêstend dêrhinne dirigearje. Eltsenien socht in plakje om har hinne en sei gjin wurd. De sinne skynde folop en yn it fjild efter hûs makken fûgels kabaal as op in moaie maitiidsdei, sa ûnwerklik midden yn febrewaris. Baas pakte in foarpoat fan Aïcha, die dêr in bântsje om en knipte har hier fuort oan’t op har hûd. Doe pakte hy in spuit mei blau guod deryn en ik seach dat hy dy stadichoan leech drukte yn de bloedier fan har poat. Net earder haw ik safolle triennen floeien sjoen wylst dy âlde Swarte stadichoan dochs wis belies joech en har kop yn de earmen fan Frou del lei. Súntsjeswei siigde har swarte liif ûnderút en stoar it ljocht út har eagen wei. Wat in grut fertriet op dizze prachtige dei. In skoft hawwe Frou, Baas en de lytsbazen dêr ferslein by sitten. Doe seach ik Baas twa skeppen ophelje en mocht ik har noch ienris besnuve. Dêrnei moast ik yn ‘e hûs. Letter op ‘e middei hie‘k om ‘e bliksem wol yn ‘e rekken wêr dy âlde Swarte bedarre wie: efter yn ‘e tún by de feart stiene trije grutte reidplommen yn de grûn njonken in bultsje mei houtsnippers dêr oerhinne. Ik stuts myn snuffert daliks yn dy snippers en koe wier de rook fan har noch wol in lyts bytsje opsnúve. Fierders haw ik dat plak net beruorre, mar Aïcha moat dêr bedobbe wêze. De beide grouwe tûken dy’t Baas d’r krúslings op lein hie haw ik al fuorttôge. Dy wiene te moai om net mei te boartsje. Ûnderwilens gie de sinne ûnder en kleure de himel rôsread; wat in moaie dei, sa foar de dea. De dagen dêrnei fûn ik it stil yn ‘e hûs. Ik koe út wol fjouwer hûnekuorren kieze om yn te sliepe: twa yn ‘e gong en twa yn ‘e húskeamer. Dat fielde nuver. Ik wie suver bliid dat Baas opromming hold. Ik mis dy âlde net echt, sy wie ommers altyd sa op harsels. Mar ik haw wol in ferskuorrend protte fan Aïcha leard. De hûnetaal noch it measte. Hoe’sto mei in lytse feroaring fan hâlding sjen litte kinst hoe‘sto tsjinoer in soartgenoat stiest, sûnder ek mar te bylje of te grommelje. Want dat kin ommers altyd noch wol. It is ferdraaide spitich dat safolle hûnen, mar ek guon minsken, dy hûnetaal net by machte binne. © menno@bistedokter.nl Mandeguod 61
64 Online Touch Home