9

23 - 4 - 2019 PLANTEFERKEAP HoxWiersterMerk (HWM) Tiisdei 23 april 2019 giet it wer oan: de planteferkeap fan de HoxWiersterMerk! Fan 18.00 oere ôf komme de frijwilligers wer by de doarren lâns foar de tradisjonele planteferkeap. Der binne geraniums te keap – net allinne hingjende mar ek steande geraniums – en fansels kinne jo ek kieze út allegear soarten beltsjeblommen (fuchsia’s). Alles yn de moaiste kleuren! Ferline jier hat de ferkeap fan planten fan de HoxWiersterMerk krapoan € 1.600,- opsmiten. Dit jier sil de opbringst brûkt wurde om te sparjen foar nije gerdinen yn MFC Wjukken. . Soene jo op 23 april de jûns net thús wêze, en jo wolle dochs graach planten keapje – jo hawwe fêst wol in pear aardige buorlju dy’t efkes wat foar jo regelje wolle! Foar aktuele ynformaasje sjoch: www.mantgum.com HWM-kommisje, Ruerdtsje Kuperus Maaike de Groot Lys Scarse (058-250 4097) (058-254 2051) (058-250 1479) Mandeguod 7

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication