Nynke’s kollega’s komme ek út alle dielen fan de wrâld, it rjocht en de wetten fan al dy lannen moatte mei inoar fergelike wurde, eventueel lykskeakele wurde, wylst sommige lannen ek gewoan fêsthâlde oan harren eigen wetjouwing. In soad Europeeske lannen ha wetten dy’t noch basearre binne op de wetten fan de Romeinen doe’t hja iuwen lyn in grut part fan Europa oerhearsken. Mar in lân as Ingelân hat saneamde ‘common law’ en sy geane út fan harren rjochtspraak. Op de promoasjedei waarden der fansels allegear fragen op Nynke ôffjurre, mar yn prachtich linich en flot Ingelsk parearre hja alle problemen dy’t har foarlein waarden. “Ik hie frege oft ik de ynhâldlike ferdigening foar myn promoasje yn it Ingelsk dwaan mocht,” leit Nynke út, “omdat ik al dy jierren mei minsken fan oer de hiele wrâld oer dizze saken oerlis, en dan is dy terminology yn it Ingelsk foar my it dúdlikst. Of ik hie it yn it Frysk dwaan moatten, want ik ha hjir ek in soad mei ús heit oer diskussearre. Hy hat him nammentlik ek mei ferkearsrjocht dwaande holden.” En dan, nei in trije kertier duorjend bombardemint oan fragen fan alle professoaren, komt de pedel binnen mei syn ‘rinkelbelstok’: “Hora finita!” De tiid is om! In prachtich komplimint kaam doe yn de rede fan ien fan har begelieders: “Nynke, je moet het me niet kwalijk nemen, maar ik vind jou ook net een zelfrijdende auto. Je gaat onbekommerd helemaal je eigen gang! Als wij jou vroegen om een bepaald onderwerp te onderzoeken, zei je heel vriendelijk dat je dat wel zou doen, maar dat je eerst nog even een ander onderwerp voor jezelf zou onderzoeken. En tegen de tijd dat dat klaar was, waren wij alweer vergeten wat we je zouden vragen!” It wurkjen oan har proefskrift barde net allinne yn Grins, Nynke fleach hiel Europa troch foar it bywenjen fan kongressen, om gastkolleezjes te jaan, om te oerlizzen mei minsken út ferskate sektoaren: juristen, amtners, technisi, Rykswettersteat, de RDW, oant minsken út Japan ta. Sa reizge se nei Kopenhagen, Tartu (Estlân), Belfast, Eindhoven, Wenen, om in pear stêden te neamen. “En oeral leare je wer wat nijs”, sa fertelt Nynke. Har fêste begelieder is heit Wim – myn bodyguard, laket Nynke. Hy sjout Nynke’s koffers en oare bagaazje. Nynke’s sûnens is har hiele libben al har swakke punt - it is net foar neat dat se dokter Bergwerff yn har tankwurd neamt ‘because he made sure that I did not literally fall apart’ en assistinte Jantsje ‘for keeping me alive’ en André ‘foar hieltyd alles wer te plak te setten’. Mar as der ien is dy’st nea kleien hearst, is it wol Nynke. Nynke hat har agenda ek al wer fol stean mei aktiviteiten foar nei har PhD. Se is skripsjebegelieder foar studinten, se jout kolleezjes, se wurdt ‘post doc onderzoeker’ en fansels giet se fierder mei it ûnderwerp: selsridende auto’s. De juridyske kanten dêrfan binne noch lang net útiten! “Dêr ha ik noch jierrenlang fermaak oan!” sa beslút Nynke. Lys Scarse De foto’s zijn gemaakt door: Sonny Tiwow. MANDEGUOD 19
22 Online Touch Home