35

Witte jim dat … ..… by Tresoar de tentoanstelling “Wy kinne der noch wol ien by ha” te sjen is? Yn dizze tentoanstelling wurdt in tal bern portrettearre dy’t yn WO II út Amsterdam wei nei Fryslân smokkele binne. Dizze tentoanstelling is ûnderdiel fan it projekt “De terugkeer van de Joodse kinderen”, in inisjatyf fan Stichting De Verhalen yn it ramt fan 75 jier Frijheid. De tentoanstelling is fergees te besjen ûnder de iepeningstiden fan Tresoar. Witte jim dat… …… op tiisdei 12 maaie 2020 wer de blommeferkeap fan de HoxWiersterMerk wêze sil? Dy jûns fan 18.00 oere ôf komme de frijwilligers by de doarren lâns mei blommen. De opbringst is altyd foar it opkreazjen fan it ynterieur fan de Wjukken. Witte jim dat… …. de Wurkgroep 4 & 5 maaie al dwaande is mei de betinking fan 4 maaie op Skillaerd? Dat it dit jier in spesjale betinking is omdat we 75 jier befrijing fiere? En dat de skoalle hjir ek by belutsen is? Yn de folgjende Mandeguod lêze jo alle ynformaasje. Witte jim dat: ….. Kuorbalklup WWC ek dit jier wer in ferkeapaksje fan krystbeammen hâldt? Yn in lettere Mandeguod kinne jo alles oer dizze aksje lêze. Al fêst nijsgjirrich? Sjoch op www.kv-wwc.nl MANDEGUOD 33

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication