45

rant, taksy, strjitte en neam mar op, waard it útstjoerd en elkenien stie der nei te sjen. Francis hie der gjin goed wurd foar oer, omdat dit noait in goeie lieder west hat, fûn hy. “Sjoch nei de gaos hjir”. Wy waarden traktearre op in lunch en makken kennis mei it lokale Keniaanske iten, dat bestiet faaks út: hin, rys, chapati’s, ugali (maismoalbrij) en in soarte fan spinaazje. Wy hiene wol sin oan wat en dêrom, gjin geklaai oer it iten. Nei in oere lâns ûnferhurde stoffige diken, kamen wy by Pamela en Francis harren hûs yn Matunda oan. Foar Keniaanske plattelâns begrippen, in moai grut hûs mei 2 húskes/brûs ynien en in keamer foar elk. De bern dy’t hjir oars sliepe binne foar 10 dagen ferhuze nei de mem fan Francis, dy’t har eigen húske fan liem op it hiem hat. Beppe siet yn in plestik stoel en swaaide mei har kruk omdat se koartlyn oan har heup holpen wie.”Hujambo”. Nei’t alle koffers útpakt wiene, rûnen wy nei it skoaltsje fan Doch Dyn Dream sa’n 550 meter fierderop. Wy rûnen lâns de Governmentskoalle dêr’t Pamela les jout, en dêr sitte sa’n 1000 bern op dy’t krekt skoft hiene en dus allegearre bûten wiene. As se 8 blanken rinnen sjogge, roppe se: ”Mzungu” (blanke) en komme as in keppel hinnen op ús ôf. Se wolle ús allegearre oanreitsje. “Habari” (hoe giet it?) “Nzuri” ( it giet goed)…Wolkom yn Matunda. It wolkom by ús skoaltsje wie net minder waarm. De bern hiene allegearre ferskes en gedichtsjes leard, dy’t se fol oertsjûging foardrage. Dêrnei krigen wy in rûnlieding en sjogge al in timmerman drok dwaande it earste dakspant te meitsjen. Peter woe daliks helpe en foar’t wy it yn’e gaten hiene wiene wy al los mei bouwen. It ark dat wy fan Regts meikrigen ha, kaam hjir goed fan pas. Hammers, seagen, rolmaten, potleaden, winkelheaken, it wurdt allegearre brûkt. De oare deis helje de froulju mei Francis yn syn âlde Starlet wol 90 liter ferve, kwasten, rollen en oar materiaal om de gebouwen fan bûten en binnen op te knappen. It moast efkes wenne dat it de hiele dei yn beslach nimt. It giet hjir net sa hurd as by ús yn Nederlân. Mar it slagget dochs. Yn 10 dagen, waard it dak der op setten, binne alle besteande gebouwen hielendal opknapt mei ferve en tekeningen. It sjocht der geweldich út en elkenien is bliid. As groep ha wy it ek geweldich dien sa mei mekoar. “Erger u niet, verwonder u slechts” wie ús motto, en dat is mar goed ek. Wy ha húsbesiken dien by bern thús werby’t wy tige oandien wiene oer hoe’t se hjir libje . Wy ha in tsjerketsjinst meimakke werby’t wy MANDEGUOD 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication