51

Gekkichheidsje Yn it ‘Goede Reis! Magazine 04 winter 2019’ lies Wieke de Haan nei oanlieding fan it nije bankje foar it stasjon dat: “.… het Friese station Mantgum de eerste biodiverse ontmoetingsplek van Nederland heeft en dat de ontmoetingsplek een plek moet worden waar jong en oud samen komen om mooie gesprekken te voeren of gewoon even te zitten en te genieten van de omgeving. Het nieuwe zitmeubel “folly for diversity” is nu nog een schaalmodel, op een later tijdstip wordt het definitieve model, dat twee keer zo groot is, geplaatst. De follys worden deels met hergebruikte materialen gemaakt….” Op freed 6 maart woe ik even in foto meitsje fan it buordsje mei ynformaasje dat mei fjouwer skroeven op it bankje fêstmakke is. Tafallich stiene der twa jonge minsken meiïnoar te praten op ‘e dyk op ‘e hichte fan de ‘folly’. Se giene der net by sitten, mar bleaunen wol tsien minuten gewoan op ‘e dyk stean te kletsen. Doe’t de ‘folly’pleatst waard ferline jier, waarden der heal útbloeide sinneblommen omhinne plante, dy’t sa los plante wiene dat se samar omfoelen. Op it bankje waarden plantsjes delset. Dat fûn ik hiel apart, want wa plantet no útbloeide blommen? En wa set no plantsjes mei grûn en al op in iepenwurke bankje? Kinst wol begripe dat nei in reinbui de grûn fuortspield wurdt en dat de plantsjes it dan bejouwe. As de ‘folly’ bedoeld is as bankje, dan is it plak dat keazen is, op syn minst opmerksum. Ik tel nammentlik al fyftjin bankjes(!) op it stasjon en stasjonsgebiet. Gean mar nei: oan de fierste kant 3 metalen banken, ien yn it iepen wachthok en twa oan ‘e bûtekant fan it wachthok. Op de foarkant fan it stasjon itselde, dat binne dus tolve en dan noch trije metalen banken yn it oerdutsen wachtlokaal. MANDEGUOD 49

52 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication