53

Dan stiet der krekt bûten it stasjonsgebiet, frij oan it begjin fan de folkstunen noch in eigenmakke houten bankje, dat simmers de funksje hat dat de folkstúnders de griente dy’t oer en tefolle is, dêr op dellizze kinne foar de mienskip, sadat it net wei wurdt en opiten wurde kin. Tige duorsum dus. Dêr is net earst in arsjitekt oan te pas kaam, mar wol is der mei ferdrach gebrûk makke fan hout dat foarhannen wie. Kinst der ek even op delstrike en in praatsje meitsje mei oaren. Oh ja, in ‘folly’, ek wol as ‘follie’ skreaun, is in bouwurk dat mei opsetsin nutteleas of ‘bizar’ is en dat gjin inkeld oar doel tsjinnet as ‘dekoraasje’. It is tagelyk ek in Ingelsk wurd foar ‘dwaasheid’ eat dat de minsken op ‘e ferkearde foet set en dat is no krekt wat der mei my bard is… Wieke de Haan. DOARPSMIENSKIP MANTGUM Wylst ik dit stik skriuw is de wrâld yn ‘e greep fan it Coronafirus. En eltse dei wurde der wer nije maatregels troffen. Alle byienkomsten oant 31 maart yn ‘e Wjukken binne ôfsein as útsteld. We ha de Doarpsgearkomste pland op tiisdei 21 april 2020. Hoe’t de situaasje is by it ferskinen fan dizze Mandeguod kinne we net foarsjen. Kin de gearkomste al as net troch gean? Hâld de webside fan ús doarp, www.mantgum.com, yn de gaten. Op dizze webside sette we ek hieltyd alle ynformaasje foar de ledegearkomst. Mar ek oare ynformaasje dy’t der neffens ús ta docht foar de ynwenners en organisaasjes yn ús doarp. Sjoch dus regelmjittich efkes op de site as der wat fan jo gading op stiet. MANDEGUOD 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication