12

4 maaie betinking Skillaerd “It fielt frjemd op in hast lege Dam…”, sa begûn kening Willem Alexander syn taspraak by de nasjonale deadebetinking yn Amsterdam. Op it hôf fan Skillaerd hie it 4 maaie komitee fan Mantgum & Skillaerd op itselde stuit likernôch deselde ûnderfining. Wêr’t it hôf yn ‘e regel fol stiet mei belangstellenden, bleau it earbetoan dit jier foarbehâlden oan de fjouwer komiteeleden. Krekt as de kening hiene hja der it folste betrouwen yn dat de betinking – lykas altyd ynlet troch de tsjerkeklokken fan Mantgum en Skillaerd – yn de hûskeamers meibelibbe waard. It grutte tal flagen dat yn it doarp healstôk hong like dêr ek op te wizen. Leaver hie it komitee dit jier – 75 jier nei de befrijing – wat grutter útpakt, mar it die bliken dat de troch need twongen mini-betinking op Skillaerd dochs in prima manier wie om op in respektfolle wize by de oarlochsslachtoffers stil te stean. De blommesee op it hôf liet wol sjen dat de deaden, yn it bysûnder de bemanning fan Stirling EF347, alderminst fergetten binne. De gemeente sette Skillaerd sels twa kear yn de blommen: op 15 april waard al in skaal mei frijheidstulpen pleatst en op 4 maaie lei Gudula van Beem in krâns út namme fan it komitee. Learlingen fan basisskoalle ‘De Gielguorde’ skreaunen gedichten oer oarloch en frijheid, dêr’t inkele fan yn dizze Mandeguod ôfdrukt binne. 4 mei herdenking Skillaerd “Het voelt vreemd op een bijna lege Dam…”, zo begon koning Willem Alexander zijn toespraak bij de nationale dodenherdenking in Amsterdam. Op het kerkhof van Skillaerd had het 4 mei comité van Mantgum & Skillaerd op hetzelfde moment ongeveer dezelfde ervaring. Waar het kerkhof normaal vol staat met belangstellenden, bleef het eerbetoon dit jaar voorbehouden aan de vier MANDEGUOD 10

13 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication