14

5 mei 1945 75 jaar terug in de tijd met Eelkje van der Veen-Jongstra We praten in de tuin van Eelkje’s huis aan De Wâl. Een Corona-interview. Op het bankje heerlijk in de zon. We kijken uit op de zijmuur van de boerderij waar Eelkje 86 jaar geleden geboren werd. De bevrijding. Ze was 10 jaar en dacht dat veel herinneringen waren weggezakt. Maar al schrijvend beleefde ze die dag opnieuw. Eelkje vertelt: De befrijing, 75 jier lyn, begjin maaie, moai waar. Dy sneins kuieren wy mei in rigele famkes fan allegear in jier of tsien op de Hegedyk doe’t ik opiens ús heit en mem oankommen seach. Op de fyts. Bakker Pyt Kiestra wie der ek by, mei soan Gabe foarop, op de pakjedrager dêr’t gewoanwei de grutte bôlekoer fêstmakke wie. “Kom mei”, seine ús heit-en-dy, en sa bedarre ik by ús heit achter op de fyts en meiïnoar gong it op nei de Blauwe Tinte by Reduzum. Dêr, by de âlde strjitwei lâns, kamen de Kanadezen mei tanks en jeeps. Se wiene ûnderweis fan it Hearrenfean nei Ljouwert, en it stie dêr by de Blauwe Tinte fol mei minsken. De Kanadezen waarden mei in protte jûchheigerop ynhelle. Dit makke op my, in famke fan 10 jier, grutte yndruk. In dei of wat letter hearden we dat der allegear tinten op in stik lân oan de ein fan de Weidumerdyk opset wienen. It wiene de tinten fan de Kanadezen. Dat wy as bern der op de fyts hinne fansels! En we krigen doe allegear sûkelarje en wite bôle fan de Kanadezen. In hiele happening foar ús! In pear dagen nei de befrijingsdei ha ik in pear nachten útfanhûs west by ús muoike Pé Wiersma. Hja hie har man yn de oarloch ferlern, en se sil it fleurige selskip fan sa’n jong famke fêst tige wurdearre ha. Us heit helle my nei de tiid wer op de fyts op, it wie noch altyd moai waar. Doe’t ik mei ús heit yn de skuorre kaam (wy wennen mei fjouwer oare húshâldings yn de grutte pleats dêr’t Peter en Eef no wenje) wachte my dêr in ferrassing: yn de skuorre stie in fersierde wein! Dy fersierde wein wie bedoeld foar de optocht, want der waard de oare deis in feestdei organisearre. De wein dy’t by ús yn de skuorre stie wie fersierd troch alle húshâldingen dy’t yn ús pleats wennen en fansels de bern der allegear op. De wein moast ‘Sneeuwwitje en de zeven dwergen’ foarstelle. MANDEGUOD 12

15 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication