As de matroazen hielendal oan boppen ta yn de mêst west hiene, moasten se it hier knippe litte en it burd skeare litte as se wer ûnder op it dek kamen – sa lang hiene se dan ûnderweis west. As it skip it Kanaal troch moast, tusken Ingelân en Frankryk, moasten de matroazen de sydkanten fan it skip mei kryt ynsmarre, oars paste it skip der net troch. Dat is ek de reden dat der by Dover noch altyd krytrotsen binne… Omdat it sa’n ôfgryslik grut skip wie hie it ek in protte tiid nedich om fan koers te feroarjen: dan moast it roer 14 dagen fan te foaren al fêst omgoaid wurde. Silst wol begripe: dat gong in kear mis: se goaiden it roer ien dei te let pas om. Doe hong it skip sa skeef op it wetter dat de mêsten hielendal oer it lân swaaiden, mei as gefolch dat alle spitsen fan de tuorren der ôf reage waarden. Dat is de reden dat in protte tuorren yn Fryslân no as dak in sealtek hawwe. Troch dit ferhaal fan It Skip fan Sinte Nuten witst no dus presys wêrom’t de Skillaerder toer in sealtek hat en hoe’t de White Cliffs of Dover ûntstien binne… It stokje wol ik graach trochjaan oan Ada Middelweerd! Lys Scarse MANDEGUOD 25
28 Online Touch Home