39

Mededeling: ALV Doarpsmienskip is uitgesteld! De Algemene ledenvergadering die gepland stond voor 21 april j.l. is uitgesteld. Zodra een nieuwe datum bekend is wordt deze gepubliceerd op de site www.mantgum.com en in de Mandeguod. --------------------Doarpsmienskip Mantgum Yn de Mandeguod fan april hiene we al in foarbehâld skreaun foar de ledegearkomst fan Doarpsmienskip Mantgum. En dêr wie it al sa fier. Fanwegen it coronafirus kin de ALV foarearst net troch gean. We ha as bestjoer besluten de gearkomst út te stellen oant it dúdlik is wannear’t it wol kin en mei. Wat foar ús it wichtichtste is, is dat it foar elkenien feilich is. Sadree’t in nije datum bekend is, sille we dat kenber meitsje. Op it stuit is it foar elkenien sykjen hoe’t we mei de sitewaasje omgean moatte, as kinne. En wis, it is in beheining fan ús frijheid, mar op in doarp ha we yn alle gefallen wat romte om net hielendal opsluten te sitten. En lit ús goed tinke om de minsken dy’t no net de doar út kinne. We ha moderne apparaten ta ús beskikking, dy kinne we no seker goed brûke. Byldbeljen is in moaie mooglikheid om omtinken oan inoar te jaan. Hoe lang it noch duorret en as we stadichoan nei in oardel-meter-mienskip gean? Wa sil it sizze? Miskien moatte we de kommende ALV mar mei telekonferinsje dwaan mei kompjûter en smartphone. In oare mooglikheid is in gearkomste, bygelyks op it sportfjild, mei allegear in oardel meter fan elkoar ôf. We moatte mar sjen hoe’t it allegear komt. It wichtichste no is dat we goed op inoar passe en foarsichtich binne. Dat jildt oars ek fansels, mar no krekt wat mear. Doarpsmienskip Mantgum MANDEGUOD 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication