Prakkesaasjes fan de redaksje Foar safier’t wy as redaksje ús heuge kinne, is it net earder foarkaam dat der in moanne gjin Mandeguod útkommen is. Want Mandeguod kin allinne bestean as der wat bart yn it doarp (of omjouwing) of as der wat nijs te melden is. Dat earste punt foel al frij gau ôf. It twadde punt, nijs, is der genôch as de hiele wrâld yniens op’e kop stiet, mar mei dat nijs wurde jo al genôch platgoaid. En om dêr no in hiele Mandeguod mei te foljen (...) Op it stuit as ik dit skriuw, 11 maaie, meie de basisskoallebern foar it earst nei 8 wike wer nei skoalle. Foto’s hjirfan, fan de heiten en memmen by it stek, fine jim yn dizze Mandeguod. Foar in soad memmen in moai memmedei-kado, want thúswurkje èn bern lesjaan is net in ideale kombinaasje. (Ik druk my sêft út mei twa pjutten). Nei de kappers, fysioterapeuten en oare saneamde kontaktberoppen is it no it wachtsjen op it iepen gean fan terassen en op grutte eveneminten sadat Jan Watze syn tinten wer ferhiere kin. Fansels is soks, efkes lunsje, earne in iisko keapje of nei in grut muzykfestival gean, pure lúkse, mar ús ekonomy draait der wol op. Ik freegje my dan ek gauris ôf as alle maatregels wol yn ferhâlding stean mei de earnst fan dit firus. It oantal minsken dat it net oerlibbet is te fergelykjen mei de gryp. En fan de 500 minsken yn Fryslân wêrby’t Corona fêststeld is, binne der 400 dy it oprûn ha yn in ferpleech- of sikehûs (boarne: Omrop Fryslan). Mar as je dan heare dat in sûne man fan 50 jier deasiik yn it sikehûs leit, en dat hy - as hy it al oerlibbet - in kasplantsje wurdt, dan is it al in oar ferhaal. Want dat kin jo of my ek oerkomme. Mei de gryp bart soks net. Ek witte wy net wat der bard wie as we allegear gewoan troch gien wiene mei it gewoane libben. Hiene de ic’s dan fol lein? Hiene we allegear binnen bliuwe moatten? Hiene der hjir yn Fryslân ek yn elk doarp meardere stjergefallen west? Ik tink it wol. Hoe dan ek, it deistich libben giet lokkigernôch gewoan troch. En as we allegear wer wat mear ûnder elkoar wêze meie, bliuw dan ek de goeie dingen dwaan dy’t dizze situaasje mei him meibringt. Brûk wat faker de fyts yn stee fan de auto, romje jo hûs wat faker op (of keapje net gelyk de Action wer leech), stjoer pake of beppe ris wat faker in kaartsje en stean der ris wat faker stil by dat it net allegear op stel en sprong hoecht. En as jo jo echt begjinne te ferfelen dan ha wy altyd wol ferlet fan ynstjoerde stikken. Ut namme fan de redaksje, Maaike Kuipers MANDEGUOD 3
6 Online Touch Home