7

Zo kan het ook! Schreven wij in het vorige nummer van de Mandeguod dat er vernielingen waren aangericht aan de deur van de ruimte van de kaatsvereniging bij de Wjukken, nu kunnen wij melden dat een van de ouders van de veroorzaker(s) de deur keurig in de oude staat hersteld heeft. Dank daarvoor. Zo kan het ook! Het bestuur van de Wjukken. 22 maart 2020. Hjoed bin ik jierdei, 81 jier. Net folle yn ’e hûs helle, want der komt dochs hast gjin ien. Ferline jier, in drege tiid, omdat ik myn Willem krekt ferlern hie. En no noch Corona, al sa swier. Lokkich kamen ús famkes, Sjoukje en Etie mei harren man dochs om in bakje kofje, 1,5 meter fan elkoar, sûnder hân as krûpke, it wie dochs noch gesellich! Doe't se op it punt stiene om fuort te gean, sei Etie dat der in korps foar de doar stie, mar sa mâl wie it net! Der waard oanbelle en ik hearde muzyk, dus ik nei de doar. En dêr stiene yn in greate rûnte myn buertgenoaten foar my te sjongen: “Er is weer één jarig” en “lang zal ze leven”. Mei de triennen yn de eagen stie ik dêr, fernuvere dat se dit foar my diene. Ik tocht: “Dit is dochs wier echt mei inoar en foar elkoar!”. Miranda van der Poel bea my ek noch tulpen oan, sy hie dit ek útfûn, geweldich gewoan! Ik haw se hertlik betanke, mear koe en mocht ik net dwaan. De hiele dei hie ik in waarm en tankber gefoel yn myn hert en wie ik dochs noch echt jierdei!! Nochris tige tank! Jitske Agema- Bijlsma. MANDEGUOD 5

8 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication