57

mei 2022 57 Ik sil fêst net de iennichste west ha dy’t oandien wie troch har lieten. Wie dit program yn novimber noch opset as in ‘neutrale’ foarstelling, der wie no foar keazen om de opbringst fan dizze moarn te’n goede te jaan oan Oekraïne. De byienkomst hat - ek tank sij in gift fan De Wjukken - € 928,00 opbrocht. Dat jild is oermakke op giro 555 foar de Oekraïners. De byienkomst krijt in ferfolch: nei de simmer wurdt it ferhaal oer de Oerfal heechstwierskynlik opnommen yn ‘Tusken Tsjerke en Kroech’. Minsken dy ‘t der 27e maart net by wêze koene, krije dan in twadde kâns om Ate oan it wurd te hearen. Ek wurdt der in You Tube film oer makke. Oer in pear moanne kin elts it ferhaal hearre en sjen op syn/har eigen tv. Ate hopet dat dy film ek brûkber is yn it ûnderwiis, want hy soe it moai fine as der tenei elk jier om 6 desimber hinne oandacht foar is yn de heechte klassen op ús skoalle. Dan komt it ferhaal wer mear yn de herten fan de Mantgumers. Ek yn Op ‘e Skille wurdt wierskynlik oandacht skonken oan Ate syn relaas. Lys Scarse

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication