61

mei 2022 61 Nei dizze rondes wie it tiid foar it lyts skoft en de tuskenstân. De teams fan ‘Houkje en de bejaarden’ en it tiim ‘foar de kofje net eamelje’ stiene der it bêste foar en koene mei it nedige fertrouwen begjinne oan de twadde helte. Want wat is in pubkwis sûnder in ronde algemien en muzyk. Ek wie der noch in plaatsjeronde mei berne-tillefyzje figueren. Lyssa koe mar net betinke hoe’t de frou fan David de kabouter ek al wer hiet… Dêrnei wie it tiid foar de sjuery om de lêste rondes nei te sjen en boude de spanning yn de seal heech op. De flachjes om in drankje te bestellen giene noch in pear kear omheech sadat ús fantastyske assistintes noch efkes flink drave moasten. En doe wie it safier, de earste Mantgumer pubkwis wikselbeker koe útrikt wurde. Fansels mochten ek de nûmers twa (foar de kofje net eamelje) en trije (It team fan Gerbrich en André) efkes op it poadium ferskine, mar it grutte applaus wie foar it tiim fan Houkje en de bejaarden. De wikselbeker is mei Anne Terpstra mei gien en pronket dêr no yn de keuken. Takom jier mar wer kwisse, wa wit ha jim de beker dan te pakken! Ut namme fan it kwistiim, Sjoukje de Jong

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication