mei 2022 9 Janneke Hengst Jan Mankes Ek in troch ús beppe Griet borduerde letterlape út 1904 hinget der tusken. Yn ’e achtergong hingje in ets fan Reinder Homan en in houtfyk fan Jan Mankes, de melkende frou, dy’t, sa’t kenners sjen sille, oan ’e ferkearde kant fan ’e ko sit. Yn ’e keuken hingje in pear etskes fan Laetitia de Haas, de bakker (ús keuken wie eartiids de bakkerij fan Venstra en Van der Ende) en in kuorke mei blommen, en as pronkstik in skilderij dat ús Joute mei akrylferve makke hat op skoalle, in tige “dynamysk” wurk dat wy al foar syn ferstjerren yn in list setten hiene en wêrmei’t er no elke dei noch in bytsje by ús is. Yn ’e midden fan ús hûs is de hal, de eardere opslachromte foar de krekt bakte bôle, en hjir hinget boppe de kast in gesicht op ’e buorren fan Reduzum, yn 1978 skildere troch Gauke Hof, tegelsetter út Reduzum, dy’t foar mear Redústers in doarpsgesicht makke hat. It lêste skilderij dat wy hawwe is in Pleats wêr’t Afke berne is ôfbylding fan ’e pleats wêr’t Afke berne is, skildere flakfoar’t de pleats sloopt is. Net ien yn’e famylje woe it hawwe, want de skilder hie in rút fergetten, dat no hinget it by ús. It is ek gjin grutte keunst, de kij hawwe wol wat fan stabijhûnen. Keunst fan wrâldferneamde keunstners hawwe wy net oan ’e wand en dy misse wy ek net. Wy sjogge graach nei dingen dy’t wy moai fine. Liuwe van der Meer Ik bin wol benijd wat Trees Jaarsma oan ’e wand hat.
10 Online Touch Home