goed holden wurde kin, fisket Eelkje noch twa wekflessen mei beantsjes fan de boppeste keukensplanke. 59 jier lyn hat se dy wekt, mar om ien of oare reden binne se stean bleaun en nea soldaat makke. “Ik yt se no ek net mear op,” seit Eelkje, “ik bewarje se as in aardichheid.” De beantsjes binne noch hartstikke moai grien fan kleur… En dat nei hast 60 jier! De opbringst fan de parrebeam achter de pleats bedarre uteraard ek faak yn de wekflessen. Neist de petroaljestellen hiene de Jongstra’s ek noch in hurdstee dêr’t in kookkachel mei twa ‘ringen’ ûnder stie. Dy kookkachel waard mei turf stookt en waard benammen foar de wask brûkt. Yn grutte hantsjettels waard moandeis de wask útsean, earst it wite spul yn it waarme sjipsop, dan de kleurde wask yn datselde waarme wetter, dan mei in stamper de saak yn beweging krije, en nei dat alles moast it noch wer twa kear yn skjin wetter neispield wurde. Mei alles troch de wringer draaie as slútstik fan it waskjen. Dan ha we it noch net iens oer it drûgjen fan de wask hân… Of oer it bleken fan it wytguod op it gers yn de blikke... No kinst ek wol fan tinken ha dat it net wurdearrre wurde soe asto alle dagen dyn himdsje by de wask goaie soest. Ien kear yn ‘e wike yn de tobbe en skjin guod oan wie yn dy tiid wizânsje en dêr hie in húsfrou al in hûd fol wurk oan. Dan ha we noch net iens de smoarge wurkklean fan de manlju neamd. Dy moasten bytiden apart skjin bjind wurde foardat se it waskwetter yn koene. Net oan tinke, ast straks dyn smoarge wask yn dyn folautomatyske waskmasine en drûger stoppest en allinne mar op de knop hoechst te drukken! De âld pleats hat yn de rin fan de jierren noch ferskate bewenners hân: Hylke Houtsma, Catrinus en Lutske Jepma (de oerpake en -beppe fan Abe Jepma oan de Hegedyk), Lolle en Tineke,in direktrise fan de húshâld-skoalle, Yvonne en Jan Lebbink, Hindrik en Anneke Jepma, Sytse en Metsje Leijenaar, Willem en Pietsje Kooistra, de drukkerij fan Rinze Westerdijk, Joke Wester, Jolt van der Veen, en dan is it rigeltsje nòch lang net ôf. De trije hjoeddeistige bewenners, Peter en Eef en Lyssa van der Ende ha no lykwols gâns mear romte ta harren beskikking as de eardere bewenners, sa’n 70 jier lyn. Boppedat hat de pleats dus noch altyd in wenbestimming. Want yn de sechstiger jierren hie de gemeente plannen om de âld pleats in winkelbestimming te jaan. Mei parkearromte en in dyk der achter. Foarútrinnend op dy plannen sit Eelkje’s garaazjedoar dêrom oan de achterkant! Eelkje’s skoaltiid is ek tekene troch de tiid dêr’t sy yn grut waard. In tiid dat je as 6-jierrige op de earste skoaldei ôflevere waarden by de skoalledoar, en je je fierders sels mar rêde moasten. In domein dêr’t âlders gjin foet oer de drompel Mandeguod 11
14 Online Touch Home