setten. Eelkje’s legere skoalletiid wie boppedat yn oarlochstiid, in tiid fan krapte oan bygelyks brânstof: gjin cokes mear foar de skoalkachel. “We gongen dan mei de klasse nei it hûs fan ien fan de bern, en dêr krigen we fan master Goodijk it húswurk op dat we dan thús ôfmeitsje moasten,” sa wit Eelkje te fertellen. “Wy ha sels noch eefkes yn klasse 7 sitten, want de legere skoallen setten doedestiids altyd op 1 april útein. En pas yn septimber koest nei it fuortset ûnderwiis yn Ljouwert.” It skoft fan april oant septimber waard foar in protte bern dus: de 7de klasse! Hja hat ien jier op de Mulo yn Ljouwert sitten, se reizge dêr op de fyts hinne. Dat reizgjen foel har lykwols sa swier, dat se it nei in jier net langer folhold. “Ik wie jûns deawurch, en dan komt der fansels neat mear fan húswurk meitsjen.” Dy skea hat se letter wol wer foar in part ynhelle mei it folgjen fan lânbouhúshâldkursussen. As jong famke fan krap 15 jier kaam Eelkje doe as help yn de húshâlding by ús heit-en-dy, de famylje fan Tsjerk en Dieuwke de Jong op Skillaerd. Dêr draaide Eelkje folop mei yn it drokke libben yn de foarein fan in pleats. En net allinne dat: se gong bygelyks ek mei ús as bern mei útfanhûs nei pake en beppe yn Rien. Ik ha dan ek waarme oantinkens oan Eelkje dy’t der altyd foar ús wie yn ús bernejierren. Yn dy tiid is hja ek har grutte leafde Ynte tsjinkommen en yn febrewaris 1959 binne se troud. In healjier nei har trouwen lykwols barde der in aaklik ûngelok: Symen Jongstra rekke mei de trekker fan it wetterskip by in daam del, en hy rekke ûnder de trekker yn de feart. Trekkers hiene yn dy tiid gjin beskermjende boppekant, as je dêr ûnder rekken hiene je as bestjoerder gjin kâns… Syn ferstjerren drukte in tige tryst stimpel op it prille gelok fan Eelkje en Ynte. Wennen Eelkje en Ynte yn it earst fan harren trouwen noch oan it Bosk 2 (dêr’t de famylje Van Wieren no wennet) mei baakster Feik Douma op de boppeferdjipping, in jiermannich letter binne hja nei it hûs oan De Wâl ferfearn. Harren beide jonges, Symen en Pyt, binne dan ek yn dat smûke hoekje fan Mantgum opgroeid. Eelkje wit fansels noch wol folle mear te fertellen oer hoe’t it der eartiids om en ta gong yn Mantgum, mar om mear as 80 jier yn in pear siden Mandeguod te beskriuwen, is fansels gjin dwaan. Dêrom hat se tasein letter noch ris op ‘e praatstoel te klimmen! Trouwfoto voor het gemeentehuis Lys Scarse Mandeguod 13
16 Online Touch Home