31

Jiergearkomste Frisia1874 op 23 maaie 2018 Op sneon 7 april hawwe wy wer in tige slagge Tusken Tsjerke en Kroech-tocht belibbe, mei in protte folk op'e lappen dy't har neffens de reaksjes wer ta de teannen út fermakke hawwe. It tal besikers wie wat minder as ferline jier, mar dat kin ek te krijen hawwe mei de oerfloed fan aktiviteiten dy't dit jier yn Fryslân spylje; ús eigen Ûnder de Toer wie ek njoggen kearen útferkocht. Op woansdei 23 maaie hâldt Frisia 1874 har jiergearkomste wêr't ek de lêste edysje fan TTeK besprutsen wurde sil. Om healwei achten komme earst de itensieders foar in evaluaasje en dan hawwe wy om acht oere ús gearkomste foar alle leden en takomstige leden. Want ja, in feriening kin allinne mar bloeie as der genôch minsken binne om ús TTeK ek yn'e takomst mooglik te meitsjen, sawol yn it finansjele as yn it materiële: der komt aardich wat te sjen foar sa'n barren! Wolle jim lid wurde? Jou jim op (frisia1874@gmail.com) en ek as jim wol meihelpe wolle by de omballingen: jou jim dan ek op! Wy hawwe ferlet fan minsken dy't ús helpe mei it ferkeapjen fan'e kaartsjes, mei it útsuteljen fan'e peaske-aaien, mei it heljen en bringen fan'e stuollen, mei it itensieden, mei it ferkeapjen fan lotten, koartsein, mei dingen dy't it bestjoer der no bydwaan moat, mar dy't ek troch oaren dien wurde kinne. Oan in slagge TTeK-tocht sitte hiel wat heakken en oesen.. It bestjoer fan Frisia1874 Poëzie op avond Tusken Tsjerke en Kroech Mandeguod 29

32 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication