11

In nij gedicht fan Eeltsje Hettinga as Dichter fan Fryslân. It gedicht ‘Woede’ is skreaun nei oanlieding fan de oanslach yn Utrecht en de útslach fan de ferkiezings, in swarte dei dêr’t de maitiid op World Poetry Day mei úteinsette Woede * Hoe’t immen, al tikjendewei, in bom fan haat yn it hert omjaget, in trein, winkel of tram ynstapt en bûten sinnen mei in kop fol nacht, djip yn himsels ferdwaald, himsels yn woede en geweld in útwei tinkt en mei alle lûken fan ’e siele ticht in keamer fol kûgels leech sjit. * Hoe’t op in moarntiid immen himsels manifest makket, radikaal gek, hiel ’t raderwurk fan in stêd stilleit as wie it Heger Macht’s wurk, wylst der altyd ergens immen is dy’t sûnder smoarge hannen, simpelwei ûnskuldich, troch misdied en straf weireizget op dea syn trams. * Hoe’t midden yn it wâld fan it geweld alle klokken befrieze, in punt tsjin de himel slane, sa’t in elk, in tel fan skrik ferstienne, langer net mear wit hokker paad te nimmen, hokker paad te nimmen as hate rûnom de ûleflecht makket mei B. syn nije oarder. Mandeguod 9

12 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication