27

Nieuws van IISKLUB “DE TWA DOARPEN” IIsklup de Twa Doarpen hie by NLdoet in oanfraach yntsjinne om it hokje fan de iisbaan op te knappen. Op de jierlikse ledenfergadering wie dit troch it bestjoer oanmurken as item om út te fieren. En ja der wie noch genôch jild by NLdoet en de oanfraach waard goed kard. Nije goaten, nije ferve op it hokje en hjir en der in plankje fernije. Mar och heden it wy striemin waar moarns op 16 maart. It reinde en reinde mar.. Dochs wie it bestjoer fan de iisklup om njoggen oere stand by om de goaten op te hingjen. Under lieding fan foarsitter Johan is der hurd wurke om al it reinwetter yn de goate ôf te fieren. En ja it is allegearre slagge. Jitske makke dizze foto om eltsenien op de hichte te bringen fan de NLdoet aktiviteit fan de iisklup. As bestjoer binne wy tige ynnommen dat der 400 euro skonken is om it hokje op te knappen. Bestjoer iisklup de Twa Doarpen. Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication