45

Nijs fan Harmonie Weidum Oare Fyzje SjongFestival In must foar de wiere muzykleafhawwer! Nei de klappers Weidum Slaat Troch, Koperdieven, Memories of a Nightclub en de bernefoarstellings Hennie de Heks & Rôversguod slacht muzykferiening Harmonie Weidum op `e nij foar bêst op mei harren grinsferlizzende Oare Fyzje SjongFestival! De bêste Eurovision songs ever, hearst by it Oare Fyzje SjongFestival fan Harmonie Weidum & Friends! In jûn grôtfol hits, by it útsinnige publyk brocht troch híel folle artysten. De presintaasje dizze jûn is yn de bedreaune hannen fan ús eigen ekstravagante duo Tialde Ploegh & Wybo Smids. Fanút hiel Fryslân komme de leafhawwers nei it terpdoarpke Weidum om dit unike konsert by te wenjen. Fans én bookmakers beskôgje Oare Fyzje SjongFestival dan ek as dé generale repetysje foar it echte Eurovision Song Contest 2019, dat in wike letter yn Tel Aviv plak fine sil. Meitsje dy klear foar in hearlik muzykspektakel op sneon 11 en snein 12 maaie mei ûnder mear de suksesnûmers: Slow down, Euphoria, Puppet on the string, Ding-a-dong, Birds, Only teardrops, Nocturne en it raue Outlaw yn ‘em fan Waylon! Mei Lucinda Weijer, Anke Boersma, John Boonstra, Ali de Vries, Petra Ottema, Jannie van der Veen, Lucy Brouwer, Anton Wijnstra, Marieke Wijnstra, Ait Jan Bouma, Dieuwke de Haan, Jaap Beetsma, Marineke van der Zijpp, Remmelt Bossema, Nienke Haima, Kees Klip, Saskia Kuitert, Wiepkje Castelein, Ruurdtje & Wigle en Grietje & Marten. Oare Fyzje SjongFestival Sneon Snein 11 maaie 21:00-00:00 12 maaie 15:00-18:00 Doarpshûs Weidum, Bornialeane 1, Weidum Tagong: Folwoeksenen € 12,50, bern o/m 12 jier € 7,50 Kaartferkeap: www.harmonieweidum.nl Mandeguod 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication