47

Tentoanstelling: IDS! sjen sjoch sjoen 17/04/2019-01/09/2019 | Obe: poadium foar literatuer, keunst en taal It tema ‘sjen’ stiet sintraal yn de tentoanstelling ‘IDS! sjen sjoch sjoen’, dy’t de minsken meinimt yn de wrâld fan byldzjend keunstner, sportfanaat, natoerleafhawwer en markante Fries Ids Willemsma. De tentoanstelling is te sjen fan 17 april oant en mei 1 septimber yn Obe: poadium foar literatuer, keunst en taal yn Ljouwert. De tagong is fergees. Yn de tentoanstelling steane 100 skaalmodellen fan it byldbepalende wurk fan Willemsma sintraal. Sa komt it bekende ‘timpeltsje op ’e dyk’ by Marrum foarby en it byld dat Willemsma makke as earbetoan oan atlete Foekje Dillema. Mar ek minder bekende of nea produsearre wurken komme je tsjin op de tentoanstelling. Op grutte LED-skermen kinne de besikers Willemsma oan it wurk sjen. Op de stúdzjeseal fan Tresoar is noch mear wurk fan de alsidige keunstner útstald, ûnder oare it projekt dat net folle oan de ferbylding oerlit: ‘ite en skite’ en in searje fan seis troch Willemsma ûntwurpen stielen deadskisten. Programma Om dizze tentoanstelling hinne binne der yn Obe en Tresoar ferskate aktiviteiten dêr’t it wurk en de persoan fan Ids Willemsma sintraal steane, bgl.: • 9 maaie: Talksjo oer sport en keunst mei Ids Willemsma, Sippy Tigchelaar en Foppe de Haan • 23 maaie: Nacht fan it konstruktivisme • 6 juny: TV-jûn mei ynlieding fan Ids Willemsma en muzyk fan Gelske Bergsma en Lucia Bazzano • snein 4 augustus: Bustocht by keunstwurken van Ids Willemsma lâns • Trochrinnend: Filmbylden fan it meitsjen fan de keunstwurken troch Ids Willemsma yn de Histobios yn Tresoar Sjoch foar mear ynformaasje oer it aktiviteitenprogram op www.tresoar.nl en www.facebook.com/tresoar. Obe Obe is it poadium foar literatuer, keunst en taal op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. Fan 2019 ôf set Tresoar hjir in ynteraktive en brede programmearring del op it mêd fan Fryske kultuer mei ûnder oare eksposysjes, lêzingen en optredens. De namme fan it gebou is in earbetoan oan de Fryske dichter Obe Postma (1868-1963). Obe is iepen fan tiisdeis o/m sneins fan 11.00 oant 17.00 oere. Mandeguod 45

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication