5

juni 2022 5 ‘Tsjerkepaad’. It wie in bûnt selskip: minsken fan de tsjerkerie, minsken dy’t út histoarysk eachpunt hert foar de saak ha en oertsjûge ateïsten. Mar allegear ha se ien doel: sjen litte hoe’n moai monumint de tsjerke is en hoe prachtich de tsjerke der no útsjocht. ‘Tsjerkepaad’ is bedoeld foar minsken dy’t gewoan nijsgjirrich binne, foar toeristen dy’t tafallich foarby kuierje, foar fytsers dy’t efkes ôfstappe (kinst ommers ek fergees kofje en tee krije), foar minsken dy’t efkes de stilte opsykje wolle by it tinkhoekje en in kearske oanstekke wolle foar in dierbere, en fansels ek foar Mantgumers dy’t de nije kroanluchters noch net yn it echt sjoen ha! En sa ûngewoan is it no ek wer net om samar in tsjerke yn te rinnen, want wat wolst net misse ast yn Londen bist? De St Paul’s Cathedral mei syn ûnbidige koepel! Yn Rome giest uteraard efkes by de Sint Piter lâns om te sjen wat Michelangelo dêr allegear oan moais skildere hat yn de Sixtijnse Kapel. En oant in jiermannich lyn woest yn Parys coûte que coûte even yn de Nôtre Dame omstrune. It sil noch wol efkes duorje foardatst dat lêste wer dwaan kinst – mar hast no wol troch: hjir yn ús eigen doarp is ek hiel wat moais te sjen! Lys Scarse

6 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication