8 Mandeguod BIS spilet it stik “Troch de Raarderbosk” Into the Woods wurdt Troch de Raarder Bosk EASTERWIERRUM – Tritich bern fan groep 7 en 8 út Easterwierrum en omkriten hawwe audysje dien en dogge mei oan it berneiepenloftspul, wat healwei juny opfierd wurde sil. ‘Troch de Raarder bosk’, in oersetting basearre op de film ‘Into The Woods’ sil spile wurde. Wer’t yn 2020 it 30e berneiepenloftspul net troch gean koe, kinne we dat lokkich yn 2022 wol wer oppakke en moatte wy dit jier efkes troch de Raarder Bosk. Kinne jim dy útdrukking, “efkes troch de Raarder Bosk moatte”? As je earne benaud foar binne, gjin sin oan ha, as je net doare, koartsein, as je earne tsjinoan skytskoarje, dan moat je efkes troch de Raarder Bosk! Ek de (nuvere) figueren dy’t wy yn it Raarder Bosk moetsje skytskoarje earne tsjinoan. Elk op harren eigen manier. Wie it libben mar in mearke, dan rûn it altyd ôf mei ‘en sy libben noch lang en lokkich’. Want alle goeie ferhalen bínne mearkes. Ferhalen dêr’t minsken, lykas do en ik, troch de Raarder Bosk hinne moatte om har doel te berikken. Mar wat as dizze lju út ’e mearkes sels in paad troch de Raarder Bosk hinne wrakselje moatte? Heksen en boaze wolven lizze oeral op de loer… mar der bin ek prinsen en moaie famkes mei lang hier. En dêr’t oan ‘e iene kant út klearebarre earmoed de lêste ko ferkocht wurde moat, komt oan ‘e oare kant it goud út ‘e himel. It is in kombinaasje fan de bekende mearkes fan Jiskepûster, Raponsje, Sjaak en ‘e beanestaak en it ferhaal fan de Bakker
9 Online Touch Home