Oprjochtingsfergadering Wiet Wetter Klup Op tiisdei 28 april om 20.00 oere hiene wy in oprjochtingsfergadering fan de WWK. De opkomst foel ús net ôf, wy sieten mei 21 man/frou oan tafel. Sytse iepene de fergadering en sketste de redenen fan de oprjochting fan it aksjekomitee: de Wiet Wetter Klup yn 2004. Teake fertelde oan de hân fan foto's oer de stappen dy't set binne yn de rin fan de jierren om de berikberens mei in boat yn Mantgum komme te kinnen en ek oanlizze te kinnen. Dat gie yn earste ynstânsje allinne oer Mantgumers. Doe't we by it Plattelânsprojekt Middelseerûte fan de Provinsje oankloppen foar it baggerjen fan de Mantgumerfeart fûn men dat nei in folslein goed plan. It moast in plan mei “meerwaarde” wêze mei oanlissteigers, trelerhelling op in gaadlik plak, elektrisch, wetter en in smoarchwetter ôfsûchpunt mar ek noch in brûs en W.C. Dy want hawwe wy oppakt sa as we mear wanten oppakt hawwe. Sa is der it kuierpaad fan Hoxwier nei it spoar, oanlisplakken foar lytse boatsjes, winterdeis in ferljochte skûte, iepeningen fan wettersportseizoen. Krewearjen foar in berchhaven hat noch net risseltaat opsmiten. Mei it oanfarringsskot yn de Mantgumersyl binne wy drok mei oan 'e gong. We binne dêr yn dwers sitten troch earst in lekke en doe sonken pream. Yn 2006 ha we foar in berchhaven de earste prikken yn it wurk steld en hiene doe al de winsk mar ek de needsaak om in stifting as in feriening te wurden. Yn 2009 is der in ûndersyk ûnder alle Mantgumer húshâldings west. Op in fraach oft se sympatisant fan de WWK wurde woene wiene der 66 minsken posityf. Wy binnen no yn oprjochting fan in feriening. Op 28 april hawwe har 21 minsken as lid opjûn en as fan de 66 sympatisanten har de helte oanmelde as lid binne wy yn ien klap in folwoeksen feriening yn Mantgum dy't der ta docht. In goede simmer tawinske en hâld ús yn de gaten: we komme wer by jimme. De skriuwer fan WWK Teake Oosterbos juni 2015 Mandeguod 9
12 Online Touch Home