Nijs fan de Wiet Wetter Klup Op freed 24 april jûns om 19.00 oere soe it heve: de iepening fan it wettersportjier 2015. It waar wie prachtich en benei wynstil, it koe net better. Der hiene har 7 ferienings opjûn om yn 'e beage te hingjen en de trekskûte sa gau as mooglik de rûte oan it binnepaad efter de Wjukken ôf te lizzen. It foel noch net ta yn 'e beage, inkele lûkers waarden nochal wat bleek om 'e noas. De snelste tiid waard makke troch de merkekommisje. Mei 1.45 min. stutsen hja der mei kop en skouders boppe út. Lokwinske der mei en mei de oranjekoeke dy't beskiber steld wie troch Bakkerij Sybesma. Hjirfoar ús tank. Tank ek foar de famylje Vos dy't it skip belangeleas beskikber steld hie. Under it sjongen fan de Mantgumer Maten smakke it skippersbitterke alderhearlikst. Ek tank oan de Maten en harren akkordeonisten Yvonne en Lys. Noch efkes neisitten yn de Wjukken en optein wêze oer de opkomst fan it publyk en it tal ploegen dy't harren opjûn hiene. Ek derfoar tank. Sa'n jûn, mei sok waar is in geskink. Allegear tige tank. juni 2015 Mandeguod 5
8 Online Touch Home