19

Nei in kâlde nacht begûn de twadde keatsdei al betiid. De bern hiene der alwer betiid sin oan. Nei in goed moarnsbrochje giene de bern wer los mei de trainingen. De bern wiene fanatyk oan it trainen en hawwe wer in soad leard. Nei de trainingen hawwe de bern in ruilspul troch it doarp dien. De bern krigen in teepûdsje mei en moasten sjen oft se it krekt sa lang ruilje koene oant se in grut foarwerp meikrigen. No dit is wol slagge, se kamen werom mei in matras, burostuollen, túnstuollen en noch folle mear. Nei dit spul hawwe de bern genietsje kinnen fan pankoeken. Nei iten ha de bern earst wer in training hân en dernei hawwe se in leuk spul dien wer’t se kennis meitsje koene mei oare keatsspullen sa as it muorrekeatsen, keatstennis en Jeu de pelote. Nei in lyts skoft hawwe de bern noch in einspul dien, wylst de âlders al it sliepspul wer oprommen. It wiene twa tige slagge keatsdagen en wy wolle alle bern, lieding en oare minsken dy’t meiholpen hawwe tige tank sizze. Oer fiif jier ha we seker wer in keatskamp!!!! Útslach Poiesz Jeugd Sponsoraksje 2018 Op Freed 20 april wie it Poiesz Jeugd Sponsor gala yn it WTC Expo te Ljouwert. Der waard bekind makke dat Keatsferiening Jacob Klaver in fantastysk bedrach fan € 1.175,00 krigen hat. Wy wolle Poiesz Supermarkten en alle minsken dy't Jacob Klaver stipe ha tidens dizze Poiesz Jeugd Sponsor wiken tige tank sizze!!! Mandeguod 17

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication