23

De blommen fan de HoxWiersterMerk It wie de jûns fan de 24ste april moai plantsjewaar: it reinde. Mar de blomferkeapers fan de HoxWiersterMerk lieten harren net kenne en mei seis ploegen ha hja de hiele buorren troch west. It bûtengebiet waard uteraard net fergetten. By de Wjukken wurde alle blommen yn de karren laden, en elk hat dan in ferskaat oan kleuren en blommen yn de karre. Mar hoe giet soks: op de iene rûte wolle in protte minsken graach beltsjeblommen ha, en in oare ploech ferkeapet in soad reade geraniums. Sadwaande ha sommige karren allinne noch mar trije kleuren geraniums yn de oanbieding: rose, rose of rose… Mar de minsken kleie net, en op it eintsjebeslút komme alle auto’s mei karren wer op it Wjukkeplein werom en dan docht soms bliken dat in oare karre noch krekt dy blom oer hat dy’t in klant graach ha wollen hie. Dan binne der altyd wol in pear ploegen dy’t dy lêste blommen noch nei in klant bringe dy’t krekt dy kleur of krekt dy blom hawwe woe. Sa hâlde je in tefreden kliïntêle, net wier? Ek dit jier wiene der in stikmannich skoalbern dy’t harren tige ward ha mei it ferkeapjen en te plak bringen fan de blommen. Dêr kinne we grutsk op wêze, sokke entûsjaste frijwilligerkes binne goud wurdich! De measte blommen binne ferkocht, de blommen dy’t der oer wiene hawwe in moai plakje yn de Wjukketún krigen. De opbringst – nei ôflûken fan de ûnkosten – wie dit jier krapoan € 1.600,-. In fantastysk bedrach! Dit jild komt sa as altyd ta goede oan it ynterieur fan de Wjukken. Miskien ha jo al sjoen wat de lêste oanwinst fan de Wjukken op ynterieurgebiet is: fjouwer prachtige skermen, mei oan beide siden nostalgyske foto’s fan hoe’t Mantgum yn earder tiden der hinne lei. Soms hielendal feroare, soms dochs tige gelyk bleaun… De HWM-kommisje Mandeguod 21

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication