53

Doarpsmienskip Mantgum (DMS) Algemiene Ledegearkomst Yn april ha we ús jierlikse ledegearkomst wer hân. Foar it skoft ha we praat oer de deistige en minder deistige saken yn ús doarp. Ien fan de punten wie it 'klein leed'. As jo saken sjogge dy 't oars moatte, sa as losse tegels, fernielings oan boarterstastellen as stikken strjitmeubilêr, dan kinne jo kontakt opnimme mei 14058. De gemeente Ljouwert hat in hiel systeem om jo 'call' te folgjen. As jo it gefoel ha net heard te wurden, sykje dan kontakt mei Doarpsmienskip. Der kamen ek fragen oer it doarpsbudzjet. De ferienings dy't it oangiet krije noch apart berjocht oer wat der krekt ôfpraat is. Der is, sa as it no liket ek jild foar nije plannen. Wy noegje elkenien út mei plannen te kommen. Dan kinne we as doarp kieze hokker plannen we útfiere kinne en wolle. It bestjoer fan de Wjukken joech ek akte de présence. Ien fan de saken is it finen fan frijwilligers. Dus minsken, wolle jo sa no en dan wat dwaan foar doarp en mienskip? Nim dan kontakt op mei ien fan it bestjoer fan de Wjukken. Fierders is der oanjûn dat der kommisjes foarme wurde foar 'Soarch en wolwêzen' en foar 'Wenjen'. DMS siket sels noch in bestjoerslid: in skriuwer/sekretaris (leafst in frou foar de juste ferhâldings). As jo tinke, ik wol wol yn in kommisje, as jo wolle ús helpe as bestjoerslid, nim dan kontakt mei it bestjoer fan DMS op. Us doarp, in mienskip: we dogge it mei-inoar foar inoar! Nei it skoft: Unmooglik! Dat wie tink ik by de measten de gedachte doe't Bouwe de Boer fan Freonen fan Fossylfrij Fryslân fertelde dat yn july twa wiken hiel Fryslân sûnder fossile brânstoffen reizgje soe. Bouwe hat ús in oere yn 'e besnijing hân hoe as dat allegear realiseare wurde kin. Mar ek wêrom't dat sa nedich is. Wy Friezen binne yn'e regel aardich nochteren, mar foar ien ding rinne wy allegear waarm: een alvestêdetocht! Op it iis fansels! Mar mei de global warming wurdt de kâns dêrop hieltyd lytser. As we no ris allegearre alles op alles sette en nim ôfskie fan fossile brânstoffen, wa wit... En hoe we dat foar inoar krije? Mei sinneparken, elektrysk ferfier. Bouwe hat ús ek ferteld oer blauwe diesel, in CO2 neutrale brânstof foar auto, bus en miskien sels trein. En Mantgum is Mandeguod 51

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication