16

Wêr is Pippa bedarre? Jawis, dat ha jimme goed sjoen: buorfrou Nella rint wèr mei in hûn – wèr mei in blinehûn yn oplieding. In bytsje ferslaavjend, it oplieden fan sa’n lyts boartlik hûntsje ta in blinehûn? Eins wol… It is goed oardel jier lyn dat Pippa yn Mandeguod foar it fuotljocht helle waard: it oanfallige hûntsje dat fan alles leare moast om nei in jier noch in training fan 6 moanne op de ‘hûneskoalle’ te folgjen, foardat it as blineliedhûn in plakje krije koe by immen dy’t blyn is of tige min sjocht. 24 septimber 2018 wie it dan safier: Pippa moast nei de Geleidehondenschool Herman Jansen yn Almere. It lege-nest-syndroom? frege ik oan Nella. “Ja, eigenlijk wel,” antwurde Nella, “we zijn een week later meteen naar Engeland, naar Oxford, gegaan. We vonden het helemaal niet leuk, ook al wisten we natuurlijk dat het zo zou gaan.” En Pippa sels fûn it earst ek hielendal net leuk… Se fertoande eins wat ‘prinsessengedrag’, want yn prinsipe libje de hûnen op de hûneskoalle twa by twa yn in kennel. No, dat hie Pippa net yn ‘e holle. Dat de bazin fan de skoalle hat Pippa earst 5 wike by har yn ‘e hûs nommen, by har eigen hûnen. Dêr wei gong se mei nei de trainingen. Oant se dêr thús suver de baas begûn te spyljen. Gau wer werom nei de kennel dus, en alle wurkdagen traine. Fan dy tiid ôf gong it hurd: der stiet sa’n 6 à 7 moanne foar dy training, mar Pippa wie al nei goed 4 ½ moanne klear. Ien fan de trainers fan de skoalle hie noch yn Mantgum by Nella oan west, en sy fersekere har dat Pippa ‘een extreem goede blindengeleidehond’ wie. Nella wie bêst in bytsje grutsk op dat komplimintsje. En terjochte: it hat har in hiel soad geduld en tiid ferge om fan dat Page-húskepapier-hûntsje in blinehûn te meitsjen dy’t jin om alle obstakels hinne liedt, dy’t je nei it stasjon bringt, dy’t net tsjin oare hûnen blaft, dy’t by de trottoirbannen stil stean bliuwt en folle net genôch. Kinst wol fan tinken ha dat sa’n hûn aardich oan de priis is, net allinne hat in frijwilliger – Nella yn dit gefal – der seeën fan tiid yn stutsen, ek de trainers fan de Geleidehondenschool hawwe der in soad tiid en enerzjy oan spendearre. En dan ha je it noch net iens hân oer de kosten fan it foer, de feedokter, ynintings en soksoarte saken. Immen dy’t blyn is of hiel min sjocht komt dan ek net samar yn oanmerking foar in blinehûn: moast in medyske yndikaasje hawwe en de soarchfersekering betellet soks dan. Boppedat krigest in intake om te sjen oft in blinehûn foar dy de gaadlikste oplossing is. Net allinne giet it om it belang fan de persoan, it belang fan de hûn stiet foarop. “En ze zijn daar bij de geleidehondenschool ook wel slim”, fertelt Nella. “Ze 14 Mandeguod

17 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication