19

hat dêr’t mei grutte letters op stiet: AAI MIJ NIET. “Daar wordt je soms zo moe van”, seit Ans, “om altijd maar weer zo assertief te zijn om tegen zulke mensen te zeggen dat dàt niet de bedoeling is…” Doe’t se lêsten net sa fier fan harren hûs ôf op in hoeke efkes stean bleaun te praten mei in bekende, kaam har man Jean harren yn ‘e mjitte en naam Pippa al fêst mei nei hûs. “Maar toen merkte ik meteen hoe afhankelijk ik al ben van Pippa – zonder stok en zonder hond was ik nergens. Ik was mijn hele oriëntatie kwijt.” Net allinne Ans is gek op Pippa – ek de famylje komt om de haverklap oer de flier, se binne allegear wei fan har. Krekt nei’t Pippa by harren pleatst waard, gongen Ans en har man Jean op fakânsje. De fleanfakânsje wie al foar dy tiid boekt en Pippa koe eins net mei. Wel, de famylje focht der hast om wa’t op har passe mocht. Ans har broer hat der dy wike op past. Hy hie der in wike frij foar nommen, en kinst wol fan tinken ha dat de hûn èn har broer allebeide in prachtwike hân ha! “Mijn broer had zelf ook altijd een hond die hij allerlei kunstjes had geleerd. Maar die was al oud en is een poosje terug dood gegaan. Maar hij beloofde mij dat hij Pippa geen kunstjes zou leren”, laket Ans. Har broer woe Pippa sels al fêst fêstlizze foar as Pippa letter mei pinsjoen giet en net mear as blinehûn wurkje kin. Mar dêr komt neat fan yn, seit Ans. Se kin no al net mear sûnder Pippa, en dan ek net! Mar it kostet in hiel soad dissipline, sa’n blinehûn. “Ik ben – na Nella en de trainers van de geleidehondenschool – eigenlijk ook al Pippa’s derde baas”, realisearret Ans har. Neist alle ‘wurk’-tripkes dy’t Pippa alle dagen mei Ans makket, moat Pippa ek alle dagen efkes mei oare hûnen boartsje en drave kinne op it fjildsje yn de buert. “Soms stuur ik Pippa dan via een omweg naar dat veldje, om haar scherp en alert te houden, maar het kost ook discipline om haar dat te laten doen, want ìk ben degene die moet aangeven of we links- of rechtsaf moeten”, seit Ans. Yn ‘e hûs rêdt Ans har mei in iPad mei grutte letters. Mar omdat soks hiel yntensyf is, kin se dat mar 10 minuten of in kertier folhâlde. It is nofliker om nei lústerboeken te harkjen. Mar Ans wit no al dat se nea wer sûnder Pippa op fakânsje wol. Fan’t simmer wurdt it sowieso in fakânsje yn Nederlân. “Misschien wordt het wel Friesland!” Lys Scarse Mandeguod 17

20 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication