49

“Bûter, Hea en Griene Molke”. No’t wy mei in grut sukses “Motoroalje”, yn ferskate autobedriuwen ôfsluten hawwe, komme wy yn 2019/20 mei in nije kabaret produksje oer de agraryske sektor yn buorkerijen en teatersealen. De agraryske sektor leit de lêste tiid behoarlik ûnder fjoer. De oerheid, konsumint, bistenaktivisten, natûrorganisaasjes en de media spylje hjirre in grutte rol yn. De hurdwurkjende boer dy’t soarch draacht foar syn bisten, faaks gjin fakânsje hat en hy dy’t dei en nacht klear stiet foar syn bedriuw, kriget no de wyn fan foaren. Fan dyjingen dy gjin flau idee hawwe wat der om en yn sa’n bedriuw ôfspilet. Witte wy straks noch wêr’t de molke en ús bûter wei komt? Wat is de takomst fan ús molk-feebedriuwen. Wurde it allegearre bio-bedriuwen? Wa wol noch boer wurde? Is der in opfolger? Wat bart der dan mei al dy bedriuwen as der gjin boeren mear binne? It plattelân sûnder syn swart-wyt bûnte kij simmerdeis yn it lân? In protte fragen en drege tiden foar in boer.... Dit binne de yngrediïnten foar ús nije kabaret produksje: Teater Kollektief “Griene Sjippe”, Mei de noadige koartswyl, serieuze saken, dûns en muzyk. De rezjy is yn hannen fan Hotze Karsten. Dizze produksje wurdt skreaun troch Folkert Sijbrandij. Ideeën Renee Fokkema. Muzyk teksten binne fan: Teake Posseth, Hotze Karsten en Renee Fokkema. De muzyk is yn hannen fan Erwin Hendriks. Bestjoer “Griene Sjippe” Mandeguod 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication