Witte jo dat… … der by David en Lys oan de Seerp van Galemawei in spjocht bret hat? Mids maart is in grutte bûntspjocht (grote bonte specht) begongen mei it meitsjen fan in nêst yn de iperenbeam yn it midden fan it hiem. It hat him twa wike koste om it nêst klear te krijen – mar dan sitst ek op in djipte fan krap 30 sintimeter de beam yn. Doe hat er in wyfke op ‘e kop tikke, en it gong oan mei brieden. Nei in pear wike koest in sêft gepiip heare: jongen! Dat gepiip waard hieltiid lûder, oant in jong op it lêst syn kopke nei bûten stuts om ris efkes yn it waar te sjen. Ynearsten hearde it op mear as ien jong, mar it is net dúdlik oft der mear as ien jonge spjochten útflein binne. Hoe dan ek: ien jong is útflein, ek al wie dat op ien fan de minst moaie dagen: it reinde en waaide krekt o sa, wylst it wikenlang moai waar west hie. Grote bonte specht bij nestingang MANDEGUOD 29
32 Online Touch Home