“Waarom heb ik nooit leren vliegen?” “Dy mefrou wennet hjir yn Mantgum, is al fier yn de tachtich, en hat krekt al wèr in boek skreaun. Moaie gelegenheid om in stik oer har yn de Mandeguod te setten!” Sa waard ik troch de oare redaksjeleden op paad stjoerd. We koene mekoar net, Beatrix Baerken en ik, mar we ha in tige animearre petear hân. In frou dy’t genôch te fertellen hat, dat is wol dúdlik. Trije boeken hat se no op har namme stean, it earste boek is se in jier as tsien werom mei begûn, de lêste twa datearje út 2018 en 2019. Beatrix Brandon Bravo-Baerken – mar har famkesnamme Baerken brûkt se as skriuwersnamme. “Anders is het zo’n mondvol…” Beatrix wennet al in jier of 15 yn Mantgum, berne yn Bergen by Alkmaar, mar omdat dêr in militêr fleanfjild lei moast de famylje oan it begjin fan de Twadde Wrâldoarloch ferhúzje nei de omkriten fan Amersfoort. Doe’t de oarloch foarby wie, wie Beatrix in famke fan tolve jier, krekt âld genôch om de dingen fan doe noch helder foar de geast te hawwen. Beatrix en har man kamen eartiids al faak yn Fryslân mei harren motorboat, en omdat har man as marineoffisier al ridlik jong mei pinsjoen gie, sochten hja in plakje yn Fryslân. “We zijn op in druilerige dag in november in Fryslân wezen kijken, omdat we er vanuit gingen dat we – als we het met slècht weer al mooi vonden – het gebied met móói weer ook vast wel mooi zouden vinden.” En sadwaande hawwe hja harren - nei 8 jier yn Boazum - yn Mantgum ta wenjen set yn in saneamde kangoeroe-wenning, mei de húshâlding fan harren jongste soan en skoandochter ûnder it selde dak. Tige fertrietlik dat Beatrix har man mar in goed jier yn it nije hûs yn Mantgum wenne hat. Nei it ferstjerren fan har man trunen har bern har oan om dingen op papier te setten. Beatrix wist ommers noch in protte saken fan foarhinne, en al dy famyljeferhalen soene oars ferlern gien wêze. Se wie eartiids ek wol dwaande mei skriuwen, mar doe hat se it grut oppakt. Hja hat hiele stambeammen neipluze, de ferhalen opskreaun, foto’s der by socht en yn 2015 hat se dêr yn eigen behear in stik of 15 boeken fan printsje litten. De famyljekronyk ‘Mijn moeders moeder’. Foar har bern en de neiste famylje. Dat betsjutte ek dat se it omslach fan dat famyljeboek sels ûntwurpen hat. Hja hat dêrfoar it board brûkt dat troch har oerpake beskildere wie mei de ôfbylMANDEGUOD 33
36 Online Touch Home