37

ding fan it steatlike hûs fan har foarfaren yn Waddinxveen. Dat board hinget no yn har hal, mei dêr ûnder de troch Beatrix sels skildere portretten fan har oerpake en -beppe. Troch har sels skildere? Ja, kloppet. Ien fan de oare saken dy’t Beatrix nammentlik oppakt hat doe’t hja allinnich kaam te stean wie skilderles by Janneke Hengst. Op oanrieden fan Janneke hat Beatrix letter ek noch skilderles hân by ûnder oaren Doet Boersma, en se skilderet no al mear as tsien jier. Beatrix mei foaral graach portretten skilderje, en har hûs hinget dan ek fol mei de prachtichste skilderijen. Doe’t Beatrix yn 2015 de famyljekronyk ôf hie, wie der oan de iene kant it gefoel: fijn dat it ôf is, mar oan de oare kant knage it ek: spitich dat it ôf is… It joech eins in leech gefoel. It skriuwen gong har lykwols maklik ôf, it bleaun har dan ek dwaande hâlden en sa kaam yn 2018 har earste roman ‘De geur van wilde marjolein’ út. Op oantrún fan har dochter sette Beatrix dêrnei op ‘e nij útein mei skriuwen, mei as resultaat ‘Een brief aan Kyra’, útkommen yn 2019. It wie ommers hast 75 jier lyn sûnt de befrijing yn 1945, en dat is ien fan de redenen dat har oantinkens út de Twadde Wrâldoarloch in rol spylje yn it earste part fan dizze roman. It twadde part fan de roman is situearre yn Noarwegen. “Jeg elsket deg” is it motto foaryn it boek – Noarsk foar “Ik hield van je”. “Als ik mijn verhaal ergens plaats, wil ik dat gebied ook echt kennen”, giet Beatrix fierder. Noarwegen is foar har bekend terrein: se giene faak nei Noarwegen op fakânsje, boppedat hat hja ek in skoft yn Denemarken wenne. De roman ‘De geur van wilde marjolein’ spilet yn de Auvergne, yn súd Frankryk. Dêr hat hja ea in tiid in skilderkursus folge (“Met het vliegtuig naar Lyon, auto gehuurd, en na de cursus weer met de auto naar Lyon, en het vliegtuig weer in.”) sadat hja har ek thús fielde by it skriuwen fan in ferhaal dat him yn de Auvergne ôfspilet. Lyts detail fan har boeken: omdat Beatrix alles yn eigen behear útjout, moatte je ek foarsichtich omspringe mei de finânsjes. Sadwaande stiet op de achterflap fan sawol ‘De geur van wilde marjolein’ as op de achterflap fan ‘Een brief aan Kyra’ deselde foto. Der hie noch wol in moaie mear resinte foto foar it twadde boek west, mar dat wie in foto dy’t makke wie troch in fotograaf – en ja, dan moat der djoer foar betelle wurde… MANDEGUOD 35

38 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication