39

It skriuwen fan dizze boeken ferge fansels ek in soad neisjen, korrizjearjen, redigearjen en nochris neisjen en trochlêzen. Lokkich krige hja dêr de help foar fan ûnder oaren har dochter en skoandochter. Boppedat ha je dan in soad kontakten mei resinsinten en oare minsken út de boekewrâld. It hâldt je skerp en by de tiid, fynt Beatrix. Dat se net echt skerp en by de tiid holden wurde hoecht, docht wol bliken út it feit dat se fan alles ûndernimt. Se is in pear jier lyn noch mei in postboat mei nei de Noardkaap fearn. Sa’n postboat kin in hûndert passazjiers bergje, en giet withoefaak oan lân, om – ja logysk – post te bringen of op te heljen. Neidat de Noardkaap berikt is, fart de postboat noch in eintsje fierder, oan Ruslân ta. Beatrix sjocht werom op in prachtige reis. Hja mei ek tige graach autoride, en se sei altyd: “Waarom heb ik nooit leren vliegen?” Dy winsk ha de bern letterlik oppikt, en 4 jier lyn krige se as jierdeispresintsje in fleanles op fleanfjild Lelystad. “Waren we hoog boven in de lucht, zegt die piloot: Nou, neem de stuurknuppel maar over…”. Har dochter siet opteard op it achterbankje fan it fleantúch en koe sa moai in foto nimme fan Beatrix as piloat. En och, leeftyd… “Je wordt niet oud zonder dat het begint te kraken”, seit Beatrix, mar dêr lit se har net troch út it fjild slaan. Fjouwer jier lyn hat se ek in nije hûn oantúgd. In Ingelske Springer Spaniel. No binne dy spaniels der yn twa soarten: in jacht- en in showlijn. Se hat foar dy lêste ferzje keazen – dy past kwa snelheid better by har, sa ornearre se. Ek it spinnen op har spinwiel hat se wer oppakt. “Ik heb net ook nog een nieuwe naaimachine gekocht, want misschien word ik wel honderd, en zo lang kun je toch niet zonder naaimachine?” Mei in stikmannich fan har skilderijen wie se ein novimber presint op de manifestaasje ‘Keunst yn Kanaän’ yn de Wjukken – in wykein mei keunst en workshops fan ynwenners fan Mantgum. As ik dit sa allegear besjoch, doar ik der hast wol om te wedzjen dat der de kommende jierren nòch in stikmannich romans fan Beatrix Baerken it ljocht sjogge. Enerzjy en ideeën genôch! Lys Scarse MANDEGUOD 37

40 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication