Kreatyf kompleks Us doarp is segene mei in treinstasjon. Gewoanwei kinne wy hjir wol sa'n fjouwer kear yn 'e oere weikomme. Op it stuit is dat wat minder fanwege firusfratsen, mar hoe yntelliginter oft wy dy ôfbouwe hoe earder oft de wenstige skema's wer tapast wurde sille. Rutte cs. dogge harren bêst, mar wy binne der noch net... Mar no komt der de hiele dei troch in stim út 'e perronlûdsprekkers dy't hieltyd wer meidielt dat de gewoane fertrektiden net mear jilde en dat der oanpassingen binne fanwege koroana. Dat sil wol sa moatte fan 'e direksje mar net ien heart it mear. Oan de noardkant fan it stasjon leit by it spoar lâns in moai lytsskalich folkstúntsjeskompleks. De minsken dy 't dêr oan it wurk binne slane allang gjin acht mear op dy meidielingen fan de spoarjuffer. Se ha wol wat oars oan 'e holle, want de tún moat klear! Guon binne der net wei te slaan, mar de iene hat dan ek in folle grutter stik bou as de oare. Mar it is yn elk gefal folle drokker op 'e tunen as oare jierren. Opfallend binne de bousels dy't ferspraat oer it túnkompleks steane. Der binne hokjes, kassen, broeibakken, plestik tunnels, kompostbakken, der is in sitsje kompleet mei parasol en soarte feranda. Want "na gedane arbeid... ensafh." Der is sels in bousel dat wol wat wei hat fan it 'tiny-house' mar dan mei in glêzen dak en in knappe mar folslein dissonante foardoar. Alle materialen kinne by de bouwerij dus brûkt wurde. Der is bygelyks in grutte 'broeikas' dy't opboud is fan sloopkezinen mei glês fan allerhande ôfmjittingen, mar mei ferskate passtikjes en planken is der dochs in min of mear kreas gehiel fan makke. Sels de bopperútsjes kinne iepen foar frisse lucht. Sa’n túnhobby stimulearret de kreativiteit blykber geweldich. Der lizze lapen lânbouplestik om it túch op te kearen mei in pear kreaze rigen gatten njonken elkoar dêr't de ierdbeiplantsjes yn steane. In oare túnker hat in âld flierkleed oer klaai drapearre. Dêr komt echt gjin hynsteblom of jabikskrúswoartel trochhinne! Alle soarten beantsjestokken wurde der brûkt, bamboe, houten latsjes, tûken; as it mar lingte hat en net te tsjok is. Dy stokken wurde dan wer mei alderhande soarten tou en tried byelkoar bûn en yn 'e grûn ferankere. It is wol moai te sjen hoe't der oeral in oplossing foar fûn wurdt, wylst it allegear hast neat kostet. Itselde jildt foar de paadsjes tusken de ierappelrêgen en de tunen sels, alle soarten tegels en klinkerts en oare bakstiennen yn alderhande formaten lizze der yn de meast wûnderlike patroanen. Dat is ek it gefal mei de ôffredingen, alles wurdt der foar brûkt, fan rustige boumatten oant pleksyglês en grien nylongaas. It is fansels ek de sport om safolle mooglik opbringst te krijen mei sa min mooglik kosten en dan is it net bedoeling in protte jild oan datsoarte omballingen út te jaan. MANDEGUOD 45
48 Online Touch Home