De lêste wiken is der hurd wurke op de túntsjes. Wilens liket it measte wurk dien te wêzen; ien dy 't regelmjittich by it spoar delgiet koe hast alle dagen de feroarings sjen. Yn febrewaris kamen de earsten al del om de ekers wer ynoarder te bringen. Froast hat der kwalik west sadat der noch aardich wat grûnwurk fersetten wurde moast. De kluten binne fyn makke en grutte bulten rûge dong binne der oer de tunen brocht. Der is siedde, der is plante, der is skoffele, der is wetterjûn en folle net genôch. By de measte túnkers leit it der kreas by. Der binne ek in pear 'rûge boeren' by, it sjocht dêr net út yn fergeliking mei de warbere buorlju. Wat sit dêr dan efter; gjin sin, gewoan fergetten, oare drokte, sykte, oare hobby? Wa sil it sizze... No’t it sa yn en út wat waarmer wurdt en alles de grûn útbrûst wurdt it de grutste taak ien en oar by te hâlden wat ûnkrûd oangiet, want dat brûst oer it algemien noch folle hurder as it gewaaks dêr't it om giet. En yn tiden fan drûchte moat der fansels wetterjûn wurde, in soad wetter. Mar it spoargat is djip, wetter genôch. En, alwer mei de noadige kreativiteit, is der in deeglik bjinstap boud dêr't elkenien gebrûk fan meitsje kin. Fûgels wurde besocht by it siedde guod wei te hâlden mei wapperjende plestikpûden en skriklint op prikken. Mar of't it helpt... It dûbele boerd by it yngongsstek 'Verboden voor onbevoegden' helpt yn elk gefal net. Of alle doarpsynwenners hawwe it foech krigen, mar dat berjocht heucht my net. Elkenien kuieret deagemoedereard oer dat túnpaad, sûnder soarch of noed. De kommende tiid moatte de túnkers mar net tefolle yn de folders fan de supermerken nei de oanbiedingen fan de seizoensgriente sjen, want faaks sakket de moed dan wol wat yn 'e hakken. En no mar hoopje dat de slakken, rûpen, blêdhoantsjes, ierappelkrobben en oar skealik bisteguod op ôfstan bliuwe. Leafst op oardel meter... Henk Nijp (Dit artikel wie op 25 maaie 2020 publisearre op de site fan tydskrift ‘ensafh’.) MANDEGUOD 47
50 Online Touch Home