22

Nijs fan Harmonie Weidum De fanfare fan Harmonie Weidum die sneon 26 maaie mei oan it Gouden Spiker Festival yn Oerterp. fjouwer stikken moasten der spile wurde; it ferplichte wurk Kleine Speelmuziek, it koraal St. Florian Choral, de sopraan sax solo Oblivion en de mars Starlake. Nei ús promoasje nei de 4e divyzje wie dit de twadde kear dat wy op dit nivo spilen, spannend: Wêr steane je? De útslach yn Oerterp liet ús joechheie: Sulveren Spiker - 2de priis solo Ruurdtje Anema Brûnzen Spiker - 3de priis ferplichte wurk Sulveren Spiker - 2de priis oer it algemien (overall) fan de 4e divyzje Fedde en Doutsen (beide Hilaard), Nynke (Mantgum) en Aaltsje (Weidum) wiene foar it earst mei! Mei harren respektivelik 13 en 11 jier, wiene Nynke en Aaltsje ek nochris de jongste muzikanten dy’t ea mei ús mei west hawwe nei Oerterp! Frijwilliger 2018 Elts jier bringt Harmonie Weidum in aubade oan in frijwilliger, immen dy’t him of har fol fjoer ynset foar Weidum en foar Harmonie Weidum yn it bysûnder. Klaas Ploegh is útroppen ta Frijwilliger fan ’t jier 2018, tige tige tank foar dyn jierrenlange ynset Klaas! 20 Mandeguod

23 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication