43

Iepen kampioenskip Pearketeatsen 2018 Foar de 12e kear hat de keatsferiening Jacob Klaver de teatspartij om it iepen kampioenskip Littenseradiel Pearketeatsen organisearre op it moaie sportfjild yn Mantgum. Der hiene har 27 pearkes (foarich jier 29) opjûn en ûnder moai teatswaar wie it in tige slagge pearketeatsdei. Nei in net sa’n spannende 1e omloop, wiene de 2e- en 3e omloop dat wol en koene de taskôgers genietsje fan moaie slaggen en tuskenspul. Yn de iene heale finale fan de winnersrûnte teatsten Seriette en Bote tsjin Richtsje en Ydo, yn in tige spannende partij wûnen Richtsje en Ydo mei 5-4 6-4. De oare heale finale wie folslein net spannend. Lyssa en Sander tsjin Janneke en Teun wûnen mei leafst 5-0 6-0. Yn de heale finale fan de ferliezersrûnte wie de útslach tusken Marijke en Arjen tsjin Anne en Gerrit 5-2 6-2 en tusken Wytske en Jelle tsjin Joni en Wessel 5-2 6-6. De finale yn de winnersrûnte gong sadwaande tusken de partoeren fan Richtsje en Ydo en Lyssa en Sander. By Lyssa en Sander wie de kriich der út en Richtsje en Ydo wûnen dan ek frij ienfâldich mei 5-2 6-4. De finale yn de ferliezersrûnte wie fan it selde “laken een pak” mei as útslach Marijke en Arjen tsjin Wytske en Jelle 5-2 6-6. Om seis oere wie de priisútrikking yn de Wjukken en dernei koe eltsenien genietsje en dûnsje op live muzyk fan Berend Riemersma. Útslach: Winnersrûnte: 1e priis: Richtsje Strikwerda (Nijlân) en Ydo Harkema (Spannum) 2e priis: Lyssa van der Ende (Mantgum) en Sander Hageman (Baard) 3e priis: Seriette Strikwerda (Spannum) en Bote Strikwerda (Wommels) 3e priis: Janneke Blanke (Jorwert) en Teun Bouma (Weidum) Ferliezersrûnte: 1e priis: Marijke Keuning (Wiuwert) en Arjen Talsma (Grins) 2e priis: Wytske Anema (Mantgum) en Jelle Anema (Grou) Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication