57

Yn 1995 bin ik tegearre mei in kollega it IT-bedriuw Accent Automatisering yn Snits begûn. En no, ryklik 20 jier en ferskate groeifases letter, ha ik in stap tebek dien. Nei de simmer sil ik it learen wer besykje (miskien dat der ek noch ris in 9,4 foar my yn sit...). As it wat wol dan bin ik de kommende jieren mei ekonomy dwaande. Ferline jier bin ik yn DMS telâne kaam. Doarpsmienskip Mantgum, in skitterjende namme. Hielendal 'hot' dizze tiid, Mantgum wie syn tiid dus al foarút! Sûnt in jier bin ik foarsitter en mei de oare bestjoersleden besykje wy de belangen foar it doarp sa goed mooglik te behertigjen. Mei de ferhuzing fan ús doarp nei de gemeente Ljouwert komt der hiel wat op ús en ús doarp ôf. In protte saken lykas subsydzjes, ûnderhâld grien en iepenbiere romte binne krekt wat oars regele as yn Littenseradiel en dat moat allegear efkes syn plak krije. Dizze simmer sille we mei de ferienings en stiftingen yn ús doarp om 'e tafel om dêr goed sicht op te krijen hoe it foar harren finansjeel komt. It bliuwt in nijsgjirrige bezichheid, dat DMS. Op 'e ledegearkomste wie de stân fan saken dat de útwreiding fan it tal parkearplakken by it stasjon stil lei. Dizze dagen kaam út de loft fallen dat der ûntwikkelings binne. Yn in folgjende Mandeguod heare jo der grif mear oer. De ledegearkomste sels wie neffens de opset fan de ôfrûne jieren: earst it 'saaklike' part mei de behanneling fan de sifers en jierferslaggen en in libbene diskusje oer saken as de subsydzjes oan ferienings yn de takomst en it trillingsûndersyk oan 'e Seerp van Galemawei. Nei it skoft wie der in boeiende presintaasje fan studinten fan Van Hall Larenstein University yn gearwurking mei de wurkgroep Duorsum Mantgum. It soe geweldich wêze as we mei syn allen Mantgum yn stappen sa duorsum mooglik krije kinne. We binne it oan ús bern ferplichte! Oer dy bern sprutsen, op de ledegearkomste fan DMS Mantgum is de jongerein swier ûnderfertsjinwurdige! As DMS fine wy it ús útdaging dêr wat oan te dwaan. Grien of ryp, jong of âld, wa't ideeën hat, jou se oan ús troch! Ik winskje jimme in noflike simmer ta! Sipke Dijkstra foarsitter Doarpsmienskip Mantgum Mandeguod 55

58 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication