Teater Kollektyf pakt de saken tige serieus oan en neat is harren te gek. Teater “Griene Sjippe” is in kabaret- selskip, mei flitsende, aktuele, humorfolle teksten en lieten foar jong en âld. De ynhâld fan de foarstellingen giet meastal oer it hanneljen fan aktuele saken, folksaardige typearringen fan de minsken en har ferlangens dy’t har ôfspylje yn harren omjowing.Werkenbere situaasjes en sketsen, lieten, dêr’t it publyk himsels yn de spegel werom sjocht. Jonge talintfolle spilers wurde begelaat troch âldere spilers dy’t harren wier makke hawwe yn it amateurtoaniel/muzyk en dy’t yn it sâlt bebiten binne en dat allegearre ûnder lieding fan in oantal entûsjaste bestjoersleden en fakminsken. ”Griene Sjippe “is al 14 jier aktyf dwaande mei kabaret en komt mei harren produksje oeral yn Fryslân en ek bûten Fryslân wurdt “Griene Sjippe” tige posityf ûntfongen! “Griene Sjippe”soarget foar jo, else kear op’e nij wer foar in nijsgjirrige, ferassende foarstelling. In ferskaat oan spilers hawwe in opstap krigen by “Griene Sjippe” en harren wei fûn op it mêd fan muzyk en teater. Teater Kollektyf pakt de saken tige serieus oan en neat is harren te gek. Op dit momint binne wy drok dwaande mei de tarieding fan ús nij teater/kabaret-programma: “MOTOROALJE” 2017. Earst kriget ús auto noch in flinke ûnderhâldsbeurt yn ien fan de wurkpleatsen fan in autogaraazje. Foardat it safier is, traapje wy it gas earst nochris flink yn en litte wy de motors op folle toeren draaie en rikje. Mandeguod 63
66 Online Touch Home