67

Dat is it nije teaterprogramma fan “Griene Sjippe” en it sil plakfine op de wurkflier fan autogaraazjes. It is rock, it is stoer, yndustrieel, it rûkt nei motoroalje en is snotteglêd. It krûpt, it smart en is tige fet…. Foardat wy los kinne en by de garaazje oankomme, sille wy noch hiel wat tûkelteammen op ús paad tsjinkomme dy’t ús steande hâlde kinne…. Mar, dat let ús allegearre neat, nimmen hâldt ús mear tsjin! De garaazjedoarren steane al wiid iepen en de monteurs wachtsje op ús, wy komme deroan! Noch efkes de ûnderwâl opsykje, omdat jo sa nedich moatte, motor starte, de radio op fûl, ljochten oan, rimen om en gas……….!!! Oant sjen! Bestjoer Griene Sjippe www.grienesjippe.nl Mantgum.com Mandeguod 65

68 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication