18

Foar dy nei dy In foarstelling oer it ferlies fan in bern Popke: De rou giet noait oer. Rouferwurking? Dat suggereart dat it in kear klear is. Froukje: Dat it in kear klear is. Op 22 septimber giet der in bysûnder, oarspronklik stik yn premjêre yn Paviljoen de Leyen yn de Rottefalle. It is it persoanlik ferhaal fan Froukje Reitsema en Popke van der Zee oer it ferlies fan in soan. It is harren ferhaal dat troch Bouke Oldenhof bewurke is ta in ienakter fan likernôch fiif kertier. It is no 17 jier lyn dat ús jonkje Piter foar ús hûs yn Mantgum ferdronk. In jier as wat letter kaam ik Froukje Reitsema tsjin yn it tsjerkje fan Bears. Se siet tsjinoer my. Ik koe har net mar ik fielde my op de ien of oare wize oanlutsen ta har. Sûnt dat earste treffen yn Bears binne we freonen wurden, Jan en Froukje en Wieke en ik. Toaniel bûn ús. Froukje hat my gauris regisseard by it kritetoaniel fan Grou. Op in stuit, nei in foarstelling, seine we : “we moatte noch marris tegearre spylje.” Der wie noch wat dat ús bûn dat we ynearsten net fan elkoar wisten: we ha beide in soan ferlern. Beide ferdronken. Elric fan Jan en Froukje in jier earder as ús Piter. We ieten gauris byinoar en ha it oer in soad dingen hân mar hast net oer dit lêste. Popke : der binne minsken dy sjogge it oan elkoar. Froukje: Dat sy ek in bern ferlern ha. Popke: Ja dan witte se it net, mar dat fiele se fan elkoar. Ik ha dat net, mar hasto dat? Froukje: Nee, dat ha ik net. Soks fiel ik net. Popke: Nee hein? Froukje: Nee. Ja, by dy fiel ik it. By dy wol. Op in stuit, ûnder it iten, sei Froukje: “We moatte der no mar in set fan ha, tegearre spylje.” En sûnder dat we it der ea oer hân hiene wisten we wêr’t it oer gean moast: oer ús mienskiplik fertriet. We wiene ek gau út de rie wa’t it stik skriuwe moast. Der wie mar ien neffens ús: Bouke Oldenhof. Beide kenne we Bouke al in hiel skoft fan in hiel soad ferskillende rûnten. Syn styl fan skriuwen is sa puur, ynteger dat we der in soad betrouwen yn hiene dat hy dit stik skriuwe moast. Hy wie suver even ferbjustere oer de fraach: “…..dat jim my dit tabetrouwe.” Ja dus. Hy hie al rillegau in idee hoe’t it moast. “Jim binne de skriuwers, it is jim tekst en ik bewurkje it.” Twa kear hat er ús elk apart deselde fragen foarlein en alles yntegraal opnommen op de Ipad. De tredde kear sieten we mei syn trijen en ek dat petear is opnommen. Al dat materiaal hat er ferwurke yn dialogen, letterlik, en ôfwiksele mei (fragminten fan) gedichten fan Douwe Tamminga út de dichtbundel Yn Memoriam oer it ferlies fan syn soan. We ha ferskillende sesjes hân by Bouke en by ús thús oer wat wolle we hjir mei, is dit te spyljen, wêrom spylje we it, wa freegje we as regisseur, wêr dogge we it? We ha petearen hân mei allerhanne minsken en no binne we safier. Twa jonge, koartlyn ôfstu16 Mandeguod

19 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication