41

Fryske jûn yn Mantgum mei talint út Littenseradiel Sneon 17 septimber komt Swalk yn mfc de Wjukken om 20.30 oere. Hâlde jo fan in gesellige Fryske jûn mei muzyk, dan hat Swalk no in moaie ôfwikseljende jûn foar jo yn petto mei talint út Littenseradiel. Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke. Op sneon 17 septimber komt it Swalkspektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen yn Mantgum. Muzyk út Jorwert De muzyk tidens Swalk wurdt fersoarge troch de band ‘Wiebe’, besteande út Wiebe Kaspers (berne yn Jorwert), Florian den Hollander en Daan Slagter. Bekend fan û.o. Omrop Fryslân mei de hit: ‘Der rydt in boer nei Aldegea…’. Presintator út Weidum Wybo Smids, û.o. bekend fan iepenloftspul Jorwert, hat de lieding fan de Swalkoptredens. Hy is gjin ûnbekende yn it iepenloftspul fan Jorwert, tink mar oan de hit ‘Reade wyn’.Wybo hat tegearre mei regisseur Tjerk Kooistra in nije opset foar Swalk makke. Skriuwster út Weidum Tidens alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner. Op sneon 17 septimber yn de Wjukken yn Mantgum is dat de berneboekeskriuwster Janneke Janneke de Boer Mandeguod 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication