43

de Boer (ek bekend as sjoernaliste foar Op ‘e Skille). Sy komt mei in berneboek, mei yllustraasjes der yn fan Vera Damhuis. Sels seit sy hjiroer: ‘Letter, at ik grut bin, wol ik in boek skriuwe,’ wie ien fan myn dreamen. As moderne jobhopper tusken jierkontrakten lei dat lang net sa foar de hân. Mar myn motto ‘as je mar wille yn je wurk hawwe’ smyt my sa wol in skat oan ûnderfining op, wat wer garant stiet foar nije ynsjoch. De dream wêr't ik it niis oer hie, is dit jier útkommen: In modern mearke wat de jonge lêzer mei op reis nimt lâns fertriet en ûnferwachte freonskip. Ik rekkenje derop dat de oare opdiene ynspiraasje ék syn eigenwize wei nei it papier fine sil. Keunstner út Mantgum Keunstneresse Tsjimk Scarse (berne yn Mantgum) sil in kolleksje fan har tekenwurk meinimme en dêr wat oer fertelle en sy sil ûnder de foarstelling in tekening fan de jûn meitsje. Yn har wurk figurearje meastentiids minsken, benammen froulju. Dizze minsken krije faak feroaringen oanbrocht oan it liif, it wurde mear hybride figueren. Tsjintwurdich behellet se ek bisten der by yn, lykas yn mearkes. Tegearre mei de minsken fertelle sy in ferhaal mei harren ferskate karakters. De tekeningen binne swart wyt troch it gebrûk fan grafyt of fulpen. Sa no en dan komt der wat ekstra kleur by yn. Spannend dus wat it wurdt. Reizgje Der is boekeferkeap fan Boeken fan Fryslân, en fansels binne de boeken fan de skriuwer dy’t optreedt ek te keap. It Kadoboek wurdt kadojûn by oankeap fan in Frysk boek. Op snein 18 septimber jildt it Kadoboek as ferfierbewiis tidens de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne it Kadoboek sjen litte. Ek it Aksjeboek foar bern ’Wapper’, jildt as jildich ferfierbewiis. Yn Grinslân jilde de boeken yn de Arriva treinen ek as ferfierbewiis. Jo kinne dy sneins yn Mantgum op ’e trein stappe of mei de bus reizgje. Sneon 17 septimber 2016 mfc Wjukken - 20.30 oere - Yntree: € 5,00 Mandeguod 41

44 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication